13 miljoen foar Fiskmigraasjerivier: tekoart oplost

De Fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk krijt ekstra finansiering. It Waadfûns, de ministearjes fan Ynfrastruktuer en Wettersteat (IenW) en Lânbou, Fiskerij, Itenswissichheid en Natuer (LVVN), en de inisjatyfnimmers drage mei-inoar 13 miljoen euro ekstra by oan dat ynnovative projekt. Troch dy bydrage kin de Fiskmigraasjerivier ôfmakke wurde.

Matthijs de Vries, deputearre by de provinsje Fryslân en foarsitter fan it deistich bestjoer Waadfûns, is optein oer de ekstra finansiering: “It ôfmeitsje kinnen fan dit baanbrekkende projekt is ynternasjonaal fan grut belang. De Fiskmigraasjerivier is fan histoaryske betsjutting en tsjinnet wrâldwiid as foarbyld foar natuerwerstel en duorsum wetterbehear. Dit is fantastysk nijs foar ús allegear.”

Minister Robert Tieman fan Ynfrastruktuer en Wettersteat: Het prachtige Fryslân staat bekend om de vele mooie wateren. Ik vind het belangrijk om die schoon en gezond te houden, daar hoort ook bij dat we barrières wegnemen voor vissen die willen trekken tussen de zoute Waddenzee en het zoete IJsselmeergebied. Dit project zorgt ervoor dat de vistrek op een natuurlijke wijze kan plaatsvinden. Mooi dat we daar als ministeries aan kunnen bijdragen.”

Ekstra finansiering slagge 

As gefolch fan ûntwikkelings yn de ôfrûne jierren wie der oanfoljende finansiering nedich foar de bou fan de Fiskmigraasjerivier. Dêrom fierden provinsje Fryslân en de inisjatyfnimmers petearen mei de finansierjende partijen fan it projekt. Alle finansiers fine it wichtich dat de Fiskmigraasjerivier der hielendal komt. Foar it Waadfûns, de ministearjes fan IenW en LVVN fia de Programmatische Aanpak Grote Wateren (PAGW), en de inisjatyfnimmers fia de Nationale Postcode Loterij wie it mooglik om ekstra middels by te dragen.

Ferfolchstappen 

De bûtenkant fan de Fiskmigraasjerivier, de kontoer, is ûnderwilens sa goed as klear. It wurk oan it lêste en grutste gebiet, de slingerjende rivier en in ôfslútmiddel, riedt provinsje Fryslân op it stuit ta. Mei de ekstra finansiering kin dat wurk yn 2026 útfierd wurde. Nei’t ferwachte wurdt swimme de earste fisken yn 2027 troch de fiskmigraasjerivier. Underdiel fan dat lêste gebiet is ek in saneamde 'ynregelfaze', mei ûndersyk en monitoaring, om te kommen ta in stabyl wurkjend systeem.

De Fiskmigraasjerivier is ta stân kommen troch de ynset fan in soad partijen. Mear ynformaasje oer it projekt fine jo op www.vismigratierivier.nl (NL).