10407 ferhier ûndergrûn steger (foar in part) en wetter by steger yn de Neare Galle te Grou
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan in steger (foar in part) en wetter by de steger yn en oan de Neare Galle te Grou, ta hichte fan it perseel kadastraal bekend Grou, seksje G, nûmer 1320, sa't hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| GRO00G 01267 | 4.74.94 ha | 0.00.07 ha | 4.74.87 ha |
| GRO00G 01267 | 4.74.94 ha | 0.00.13 ha | 4.74.81 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.
De ûndergrûn fan de steger en it wetter by de steger leit yn provinsjaal wetter en leit tsjinoer it perseel fan hierder. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger om te kommen fan - en te gean nei de eigen rekreaasje-ark, lizzend oan de oare kant fan de Neare Galle te Grou, kadastraal bekend gemeente Grouw, seksje G, nûmers 949 en 950. Dêrneist wol hierder it wetter by de steger eventueel brûke foar it oanlizzen fan in eigen boat.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn/wetter.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (8-11-2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl