10258 ferhier ûndergrûn skiphûs en (rin-)steger, oan it Minne Finnepaad yn de Pikmar te Grou

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan in skiphûs en (rin-)steger, grinzjend oan it Minne Finnepaad yn de Pikmar te Grou, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
GRO00E 005244.41.92 ha0.00.22 ha4.41.70 ha
GRO00E 005244.41.92 ha0.00.04 ha4.41.88 ha
Bovenaanzicht van het perceel

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

Partijen binne fan oardiel dat motivearre wurde kin dat de hierder de iennichste serieuze gadingmakker is dy't yn oanmerking komt foar de ferhier fan it hierde, om't it oanwêzige skiphûs en de steger eigendom is fan hierder. De hierder wol it gebrûk fan de ûndergrûn fan it skiphûs en de steger fuortsette.

De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennichste serieuze gadingmakker is foar it hieren fan oanbelangjende ûndergrûn / wetter.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (21-06-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

Frou A. Atsma, berikber op 058-292 5166 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat grondgebruik@fryslan.frl.