10244 ferhier stripe wâl, ûndergrûn steger en wetter by dizze yn de Dokkumer Ie te Wyns

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan in stripe wâl, de ûndergrûn fan in steger en it wetter by dizze steger yn de Dokkumer Ie, grinzjend oan it perseel pleatselik bekend Wyns 46 te Wyns, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale perselenOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
GKK02F 000650.89.75 ha0.00.19 ha0.89.56 ha
GKK02F 000650.89.75 ha0.00.23 ha0.89.52 ha
GKK02F 000650.89.75 ha0.00.80 ha0.88.95 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

De oanbelangjende stripe wâl, de ûndergrûn fan de steger en it wetter by de steger lizze yn provinsjaal wetter en grinze inkeld en allinnich oan it perseel van hierder. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger. De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn fan- en wetter by de steger.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (28-06-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân:

Frou C. Pietjou, berikber op 058-2925973 of c.pietjou@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.