10082 ferhier ûndergrûn steger en wetter by steger yn it Juffersgat te De Pein
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan in steger en wetter by dizze steger yn it Juffersgat, ta hichte fan it perseel, pleatselik bekend Kanaelsloane 25 te De Pein, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale percelen | Kadastrale oppervlakte | Oppervlakte in overeenkomst | Verschil in oppervlakte |
RTV00B 02070 | 1.42.20 ha | 0.00.08 ha | 1.42.12 ha |
RTV00B 02070 | 1.42.20 ha | 0.00.23 ha | 1.41.97 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.
De ûndergrûn fan de steger en it wetter by de steger leit yn provinsjaal wetter en leit foar in yn eigendom ferkearende ûnreplike saak fan hierder oer. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger. Dêrneist wol hierder it wetter by de steger mooglikerwieze brûke foar it oanlizzen fan in eigen boat.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn/wetter.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje
(12-07-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân
Frou A. Atsma, berikber op 058-292 5166 of grondgebruik@fryslan.frl.