Uitnodiging bijeenkomst agroforestry

Op tiisdei 28 april organisearret Provinsje Fryslân tegearre mei Agroforestry Netwerk Fryslân in fergeze gearkomste oer agroforestry en subsydzjemooglikheden foar agrariërs.

Op in prachtige lokaasje yn Nijeberkeap krije jo de kâns om ferskate foarmen fan agroforestry te besjen en fragen te stellen oan ûnderfiningssaakkundigen. Ferskate sprekkers ynformearje jo oer de mooglikheden en lizze út hoe en wannear't jo yn oanmerking komme foar in subsydzje oant 100%.

Op de side  Subsidie voor bomen, bos en landschap in Fryslân | Provincie Fryslân lêze jo mear oer de subsydzjemooglikheden. De ferskate regelingen binne breed tagonklik foar ûnder oare agrariërs, partikulieren, stichtingen en ferienings, gemeenten, terreinbehearende organisaasjes en Wetterskip Fryslân.

Oanmelde foar de gearkomste kin fia www.fryslan.frl/agroforestry


Datum: tiisdei 28 april 2026 
Tiid: fan 13:30 – 15:30 
Lokaasje: Boppewei 23 yn Nijeberkeap