Wetterskip, provinsje en gemeente yn beswier tsjin gaswinning by Noardwâlde
Wetterskip Fryslân, provinsje Fryslân en gemeente Weststellingwerf meitsje beswier tsjin it aktualisearre gaswinningsplan by Noardwâlde. Op 24 april 2025 hat minister Sophie Hermans fan Klimaat en Groene Groei ynstimd mei dit plan. Hjirtroch mei Vermilion langer gas winne by gasfjild Noardwâlde, dat leit yn it feangebiet.
Wetterskip, provinsje en gemeente Weststellingwerf meitsje har soargen oer de negative gefolgen fan gaswinning en meitsje dêrom mei-elkoar beswier tsjin it ynstimmingsbeslút fan de minister. Gaswinning liedt ta boaiemdelgong. Vermilion moat yn it winningsplan Noardwâlde útlizze hoe't sy de gefolgen fan boaiemdelgong foarkomme en beheine wol, mar docht dat net. Wylst: elke sintimeter boaiemdelgong yn feangebiet telt en hat negative gefolgen foar de omjouwing.
As oerheden hawwe wy yn ús eardere advizen oan de minister beklammet dat feangebiet as yn Noardwâlde gjin ekstra boaiemdelgong opfange kin. De minister wjerleit ús soargen net genôch. Dêrmei fine wy it ynstimmingsbeslút Noardwâlde net goed motivearre en sille wy yn beswier by it ministearje.
De effekten binne ûnbekend Wetterskip Fryslân seit mei klam dat gaswinning negative gefolgen hat foar de wetterhúshâlding. Deistich bestjoerslid Remco van Maurik leit út: “We kunnen niet zeggen 'het valt wel mee'. Ons watersysteem wordt al kwetsbaarder door klimaatverandering en daarbij heeft elk veengebied te maken met veenoxidatie. De extra bodemdaling door gaswinning mag hier niet bovenop komen.”
Deputearre Friso Douwstra fan provinsje Fryslân: “Der is gjin draachflak foar gaswinning yn Fryslân. We meitsje ús hjir grutte soargen oer. De steapele effekten yn feangreidegebieten binne boppedat ûndúdlik en risikofol. Dêrneist ûntsteane skea dy't net mear te bewizen binne. Fryslân hantearret de Fryske noarm: fan elke fertsjinne euro floeit minimaal in tredde werom nei de regio. Dit is fansels boppe-op in 100 persint kompensaasje fan optreden mynbouskea troch boaiemdelgong en ferfolchskea. Foarkom ûnkearbere Grinzer tastannen. Nije of ekstra gaswinning yn Fryslân? Doch it net! ”
Wethouder Hanneke Zonderland van de gemeente Weststellingwerf onderschrijft de bezwaren van Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân: “In Weststellingwerf hebben we te maken met bodemdaling door gaswinning uit verschillende velden, gecombineerd met bodemdaling door veenoxidatie. Dat is een onomkeerbaar proces dat onder andere leidt tot problemen met de waterhuishouding. Daarom willen we dat de gaswinning hier stopt!”
Rollen en foech oerheden
De rolferdieling en foegen fan alle oerheden binne as folget:
- Gemeenten, wetterskip en provinsje binne wetlik adviseur fan de minister en skriuwe in advys oer it winningsplan;
- De minister ûntfangt de winningsplannen, beoardielet se en beslút deroer;
- Gemeenten, wetterskip en provinsje kinne lykas oare belanghawwenden op de (ûntwerp)besluten sjenswizen, beswier en berop yntsjinje.