Yn ’e mande mei partners, ûndernimmers en ynwenners wol de provinsje Fryslân der de kommende jierren foar soargje dat stikstofgefoelige, beskerme natuer wer sterk en robúst wurdt, de útstjit fan stikstof omleech giet en dat der wer genôch romte is foar ekonomyske en maatskiplike ûntwikkelingen.

Wêr ha wy it oer?

Wannear’t der te folle stikstof útstjitten wurdt, hat dat negative effekten op de kwaliteit fan ús natuer. In grut part fan de Fryske natuergebieten hat lêst fan stikstof. Dêrtroch kinne wy net mear foldwaan oan de Europeeske rjochtlinen, nimt it bioferskaat ôf en ferlieze kwetsbere soarten harren leefomjouwing. Om dit oan te pakken sille wy oars, duorsumer en ynnovativer produsearje én konsumearje moatte. Dêrfoar binne mienskiplike maatregels nedich dy’t derfoar soargje moatte dat wy yn Fryslân  minder stikstof útstjitte sille, dat ús natuer robúster wurdt en dat wichtige ekonomyske en maatskiplike ûntwikkelingen trochgean kinne.

Emisje

Ut de yndustry, de bou en it ferkear komme stikstofoksiden frij. Ut de lânbou komt ammoniak frij.

Deposysje

Stikstofdeposysje leveret mear iten as dat de boaiem nedich hat. Dit soarget foar minder bioferskaat.

Wêr komt it wei?

Stikstofútstjit komt benammen út de lânbou, yndustry, bou en  mobiliteit wei. Yn ’e mande mei dy sektoaren sil der yn Fryslân per gebiet sjoen wurde nei passende maatregels om de stikstofútstjit om ús kwetsbere natuergebieten hinne te ferminderjen.

Wêr wurkje wy hinne?

2025 – Der wurdt gebietsrjochte ynset op it ferminderjen fan de stikstofútstjit en it robúster meitsjen fan de natuer. De earste resultaten hjirfan binnen sichtber.

2030 – Minimaal de helte fan de Fryske natuergebieten is net langer oerbelêste troch stikstof. Natuergebieten wurde robúster ynrjochte en it bioferskaat toant sichtbere ferbettering.

2035 – De útstjit fan stikstof yn Fryslân is minimaal mei de helte ôfnaam. De kwaliteit fan ús leefomjouwing nimt ta en it grutste part fan ús Natura 2000-gebieten is sûn.

2050 – Yn Fryslân is gjin sprake mear fan tefolle stikstof. De kwaliteit fan de leefomjouwing is yn balâns en it bioferskaat yn alle Natura 2000-gebieten is op oarder.

NATURA 2000-Gebieten

Natura 2000 is in Europeesk netwurk fan beskerme natuergebieten. 20 fan dy gebieten lizze (foar in part) yn Fryslân en 11 fan dy gebieten hawwe lêst fan stikstof. Om dit fraachstik oan te pakken wurkje wy yn Fryslân mei in gebietsrjochte oanpak. Sa rjochtsje wy ús op it wer better en sterker meitsjen fan de natuergebieten dy’t dat it hurdste nedich hawwe. Dêrneist sille wy oan de slach yn de gebieten dy’t om de stikstofgefoelige natuergebieten yn Fryslân hinne lizze, want de direkte omjouwing hat in soad ynfloed op de natuer dy’t tichtby leit.

Maatskiplike & Ekonomyske ûntwikkelingen

Wa’t ûndernimme, ûntwikkelje of útwreidzje wol, moat derfoar soargje dat dêrby net mear stikstof útstjitten wurdt. As by sa’n aktiviteit dochs stiksof frijkomt, moat der foldwaande stikstofromte beskikber wêze om in fergunning krije te kinnen. It is wichtich dat dy ûntwikkelingen trochgean kinne en dêrfoar sille wy yn Fryslân stikstofromte oan’e kant sette moatte. Dy reservearre romte soarget foar balâns sadat fergunningferliening wer mooglik is en maatskiplike en ekonomyske ûntwikkelingen trochgean kinne, sûnder dat wy dêrby tefolle stikstof útstjitte.

Gebietstjochte oanpak

Oanpassings rûnom Fryske natuergebieten:

  • Ynnovaasjes
  • Ferspriede
  • Opkeapje
  • Ophâlde / ferpleatse

Oanpassings yn Fryske natuergebieten:

  • Opknappe
  • Fersterkje
  • Ferbetterje bioferskaat
  • Opjeften bondelje

Kânsen

It yn kaart bringen fan de stikstofgefoelige gebieten en it byinoar bringen fan de maatregels dy’t nedich binne yn en om dy gebieten hinne is in drege puzel. Tagelyk jout it de gelegenheid om eventuele oare fraachstikken binnen dy gebieten op elkoar ôf te stimmen. Sa kinne opjeften fan bygelyks wetter, natuer, feangreiden en lânbou tagelyk oppakt wurde.

Gearwurkje mei partners

Provinsje Fryslân wurket gear mei sektoaren lykas lânbou, yndustry en bou. Yn dizze gearwurking sykje wy nei passende oplossingen foar it stikstoffraachstik. Dêrby besykje wy tûke keppelingen te meitsjen. Sa hawwe in soad maatregels dy’t bydragen oan minder stikstofútstjit bygelyks ek in posityf effekt op CO2.

Te berikken troch

Om it stikstoffraachstik oppakke te kinnen binne finansjele middels nedich. De útfiering moat stipe wurde troch saken lykas regeljouwing, in systeem foar stikstofregistraasje, fergunningferliening en wêr nedich tafersjoch en hanthavening. Dêrneist monitoarje wy de fuortgong fan it stikstoffraachstik yn Fryslân en bringe wy dy yn byld. Wêr nedich stjoere wy by, as de resultaten of nije ynsichten dêr oanlieding ta jouwe.