Fryske Mynboutafel yn berop tsjin útwreiding gaswinning Toppenhuzen

Gemeente Súdwest-Fryslân giet yn berop tsjin twa fergunningen foar de útwreiding fan gaswinning yn Toppenhuzen. Dit docht de gemeente mei út namme fan gemeente De Fryske Marren, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân. Súdwest-Fryslân wurket gear mei dizze oerheden yn de Fryske Mynboutafel. It giet om in fergunning foar maksimaal drie ekstra gasboarringen en in fergunning om de deistige gasproduksje te ferheegjen fan 400.000 nei 500.000 kubike meter ierdgas. Vermilion mei pas winne út de nije gasfjilden as de minister ynstimd hat mei ek it winningsplan. 

Wethâlder Henk de Boer fan gemeente Súdwest-Fryslân: "De gaswinning bart fanút ús gemeente en it gasfjild rekket ek it gebiet fan De Fryske Marren. Wy meitsje ús al jierren soargen oer feiligens, skea en de gefolgen foar natuer en wetter. Just yn gearhing mei de feangreideproblematiek, dy't ek yn ús gebiet spilet." Wethâlder Remboud fan Iddekinge fan gemeente De Fryske Marren follet oan: "De gaswinning rekket ús allegear. Wy bliuwe as gemeenten alles dwaan om de belangen fan ús ynwenners te beskermjen." 

Deputearre Friso Douwstra fan de Provinsje Fryslân: “Der is gjin draachflak foar gaswinning yn Fryslân. We meitsje ús hjir grutte soargen oer. De steapele effekten binne ûndúdlik en risikofol en it smyt ûnomkearbere skea op dy't boppedat dreech te bewizen binne. Giet gaswinning dochs troch? Dan fynt Fryslân dat fan elke fertsjinne euro minimaal in tredde werom nei de regio moat. Foarkom Grinzer tastannen. Nije of ekstra gaswinning yn Fryslân? Doch it net!” 

Fergunning ferliend nettsjinsteande soargen

De fergunningen binne op 24 april 2025 ferliend troch it ministearje fan Klimaat en Griene  Groei. Dat barde nettsjinsteande dat provinsje, wetterskip en gemeenten earder skriftlik witte litten hawwe it net iens te wêzen mei de plannen. Dy soargen binne net oernaam. De fergunningen binne direkt jildich. Dat betsjut dat gaswinbedriuw Vermilion alfêst tariedings treffe mei en de nije gasfjilden klear meitsje mei foar produksje. 

Remco van Maurik, dagelijks bestuurslid van Wetterskip Fryslân: “Dit is de omgekeerde volgorde. Eerst moet helder zijn of de winning verantwoord kan, dan pas kunnen de vergunningen volgen. Als waterschap zijn wij tegen dit gaswinningsplan, omdat de extra bodemdaling die hierbij optreedt nadelige gevolgen heeft voor de waterhuishouding.”

Foar it nije gaswinningsplan leit allinnich in ûntwerp-ynstimmingsbeslút dêr't elkenien uterlik 19 juny sjenswizen op yntsjinje kin. Pas as de minister de sjenswizen ferwurke hat, beslút se oft se echt ynstimt mei de ferlingde winning. 

Berop yntsjinne by de rjochter

Begjin juny tsjinje provinsje, wetterskip en gemeenten offisjeel berop yn by de rjochter. Dit is in saneamd pro forma berop. Dat betsjut dat we letter noch wiidweidich útlizze wêrom't we it net iens binne mei de fergunningen.