Subsydzje provinsje Fryslân makket it mei mooglik: bern, toaniel en tradysje by BIS Easterwierrum
Berne-iepenloftspul Easterwierrum (BIS) is sinds 1989 dé plek waar kinderen uit groep 7 en 8 van regionale basisscholen elk jaar hun toneeldroom waarmaken. “Yn juny - of noch krekt yn de earste wike fan july - spylje wy alle jierren sân foarstellings, mei sa’n 25 á 30 spilers, 80-100 frijwilligers en sawat 2.800 beteljende besikers,” zegt voorzitter Tineke Terpstra – van der Schaaf. En voordat deze voorstellingen gespeeld kunnen worden, is er al veel aan vooraf gegaan.
Werving
Ineke de Jong is verantwoordelijk voor de PR: “De bêste PR is eins mûlereklame: bruorkes of suskes dy’t earder meispile hawwe, bern dy’t ris in foarstelling fan BIS sjoen hawwe of famylje dy’t by it stik belutsen is. Wy reizgje ek by skoallen del om bern entûsjast te meitsjen. Der stiet altyd in berjochtsje yn ‘e lokale krante De Skille en fansels wurdt it op ’e sosjale media buorkundich makke.”

Auditie
Ieder jaar in januari komen er zo’n 60 kinderen auditie doen om een rol te bemachtigen in het Berne-iepenloftspul. Op dat moment weten zij nog niet welk stuk er gespeeld gaat worden. Het bestuur en het artistieke team weet dit al wél zodat zij goed kunnen beoordelen welke rol bij iemand past. Er wordt overigens altijd in het Fries gespeeld. Bij de auditie laten de kinderen zang, dans en toneel zien. De kinderen, en hun ouders, hoeven niet lang op de uitslag te wachten want binnen twee dagen is bekend wie er dit jaar mogen schitteren op het podium. “Meidwaan is net frijbliuwend, bern en âlders moatte dêr foarôf ek mei-inoar oer yn petear. Der wurdt fan ein jannewaris ôf twa kear wyks oefene yn it MFC De Tysker yn Easterwierrum, op woansdeitemiddeis en sneontemoarns. Fan maaie ôf stiet it dekôr bûten klear, en dan spylje wy meastentiids dêr. It freget dus in soad tiid en ynspanning fan de bern (en harren âlders). It kin ek betsjutte dat oare sporten of aktiviteiten fan de bern (tydlik) op in leger pitsje stean moatte want toaniel is ek in groepsbarren. Wy wolle graach dat âlders in taak op harren nimme, dat kin fan grut oant lyts wêze. En as dat net mooglik is, in oar famyljelid of kunde mei fansels ek. Alle help is wolkom. Sa kinne wy it mei-inoar oprêde!” vertelt Tineke.
Deputearre Knol: “As provinsje stypje wy iepenloftspullen graach. En dat dogge wy net om ’e nocht, dêr hawwe wy ek wat foar oer. As wy sjogge hoe’t de mienskip yn beweging komt en hoefolle frijwilligers oft dêrmei dwaande binne, dan hawwe wy yn Fryslân goud yn hannen.”
Gouden Gurbes en waardering
De Gouden Gurbes zijn dé Oscars van het Friese amateurtoneel. Het idee komt van Fedde Dijkstra, voormalig cultuurredacteur van de Leeuwarder Courant (LC), die hiermee de band tussen alle iepenloftspullen én spelers wilde versterken. Jaarlijks worden deze prijzen uitgereikt in zes categorieën: van beste voorstelling en beste hoofdrol tot beste bijrol en beste vormgeving. Bestuursleden Tineke en Ineke zijn trots: “Yn Easterwierrum hawwe wy meardere kearen in Gouden Gurbe wûn foar ûnder oare ‘Beste script’, ‘Beste voorstelling’ en ‘Publieksprijs’, in prachtige wurdearring! De winner nimt de priis meastentiids sels mei nei hûs. Mar wy genietsje ek hiel bot fan de reaksjes fan it publyk én fan de bern sels: De ferwûndering oer de jonge talinten en hoe profesjoneel se it allegear fine. En bern dy’t sels oanjouwe dat se dit nea misse wold hiene. Der ûntsteane ek alle jierren wer moaie freonskippen en sjochst bern groeien yn harren prestaasjes én selsbetrouwen. Dizze ûnderfining komt harren letter ek yn ’e mjitte. Dat is dochs goud wurdich!”

Provincie Fryslân als stimulator
Voor BIS is de subsidiebijdrage van provincie Fryslân meer dan alleen geld: “It is in wichtige boarne fan ynkomsten. Mei troch de subsydzje fan de provinsje kin ús Iepenloftspul útfierd wurde én kinne wy de kwaliteit heech hâlde. Wy besykje de kosten leech te hâlden en wurkje mei frijwilligers, mar alles wurdt djoerder. Mei de stipe fan jim ynvestearje wy ûnder oare yn dekôrs en technyk.” Als beide dames de provincie Fryslân als subsidieverstrekker in één woord zouden omschrijven? “Stimulator, de subsydzje is foar BIS in positive ‘boost’!” Sinds dit jaar verlopen de subsidieaanvragen digitaal: “Earst wie dat wol efkes wenne, mar it hat ek foardielen. Kinst it no út ‘e hûs wei yntsjinje en de formulieren hoege net mear útprinte te wurden. Fragen waarden gau beäntwurde en ús oanfraach is sûnder swierrichheden ferrûn. En alles giet tsjintwurdich digitaal: it is eins in stik makliker sa!” En of het bestuur nog tips heeft voor andere subsidieaanvragers? “Ferdjipje dy yn ’t foar goed yn de regeling en de oanfraach: wêr is de regeling foar, wat binne de betingsten, wannear iepenet de regeling en wannear moat alles ynlevere wêze? Koartsein: Ried jim oanfraach goed ta!
Ineke en Tineke bedankt voor het leuke gesprek. Jullie tekstschrijver, Peter Sijbenga, is alweer aan het schrijven met het stuk voor volgend jaar. Succes en veel plezier met alle voorbereidingen voor BIS 2026!
Foto's zijn gemaakt door Piet Douma - PDF-Grafie!