Formulier ôfslute
Begjin it formulier op ’e nij.

FFNEL Taalryk 2026

Fuortgong
5%

Oanfraachformulier Frysk foar no en letter - Taalryk

Kêst 2, under 4: It oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk.

Wy freegje jo de ynformaasje hjirûnder sekuer te lêzen foardat jo it formulier ynfolje.

- Jo hawwe eHerkenning nivo 2+ of DigiD (as jo machtige binne troch de skoalle) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning is hjir te finen.

- De aktiviteit dêr’t subsydzje foar ferliend wurde kin, moat foldwaan oan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022,  Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 en oan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter, ûnderdiel Taalryk (Kêst 2 ûnder 4).

Foar Frysktalich les- of lêsmateriaal, kultuer- of erfgoededukaasje, oplieding of kursus of it ûntwikkeljen en yn wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer binnen it ûnderwiis moatte jo it dêrfoar ornearre formulier brûke!  

Ferplichte taheakken
•    It aktiviteiteplan: mei in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt;
•    Begrutting: mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, foarsjoen fan in taljochting. Brûk dizze model begrutting: begrotingsformat.

Tink derom:
- Mei it ferstjoeren fan dizze oanfraach stimme jo yn om fia it opjûne emailadres in ûntfangstbefêstiging te krijen.

- Wy akseptearje in bestânsgrutte fan op syn heechst 40 mb per taheakke. 

- It beslút op jo oanfraach nimme wy maksimaal 13 wiken nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach. 

- Jo kinne dizze oanfraach fiif dagen bewarje neidat jo ynlogt binne.