Formulier ôfslute
Begjin it formulier op ’e nij.

FFNEL Kultueredukaasje 2026

Fuortgong
5%

Oanfraachformulier Frysk foar no en letter - Kultuer- of erfgoededukaasje

Kêst 2, lid 2: It meidwaan litten fan learlingen oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer yn de provinsje Fryslân 

Wy freegje dat jo de ynformaasje hjirûnder sekuer lêze foardat jo it formulier ynfolje.

- Jo hawwe eHerkenning nivo 2+ of DigiD (as jo machtige binne troch de skoalle) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning is hjir te finen.

- De aktiviteit dêr’t subsydzje foar ferliend wurde kin, moat foldwaan oan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022,  Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 en oan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2026, ûnderdiel Kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer (Kêst 2, lid 2).

Foar les- of lêsmateriaal, oplieding of kursus, Taalryk-skoallen, of it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer moatte jo it formulier brûke dat dêrfoar ornearre is!   

Ferplichte taheakken: 

It aktiviteitenplan mei in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, mei in opjefte fan it tal learlingen en hokker groepen dat meidwaan sil oan de aktiviteit. Bygelyks:   

- Besite museum X groep 4 (30 learlingen) en 5 (23 learlingen). 

- Foarstelling Y groep 6 (34 learlingen) 

Tink derom:
- Mei it ferstjoeren fan dizze oanfraach stimme jo yn om fia it opjûne emailadres in ûntfangstbefêstiging te krijen.

- Wy akseptearje in bestânsgrutte fan op syn heechst 40 mb per taheakke. 

- It beslút op jo oanfraach nimme wy maksimaal 13 wiken nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach. 

- Jo kinne dizze oanfraach fiif dagen bewarje neidat jo ynlogt binne.