Formulier ôfslute
Begjin it formulier op ’e nij.

FFNEL Untwikkeljen en yn it wurk setten plan Fryske taal en kultuer 2026

Fuortgong
5%

Oanfraachformulier Frysk foar no en letter - Untwikkeljen en yn it wurk setten plan Fryske taal en kultuer

Kêst 2, ûnder 5: It ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis

Wy freegje jo de ynformaasje hjirûnder sekuer te lêzen foardat jo it formulier ynfolje.

- Jo hawwe eHerkenning nivo 2+ of DigiD (as jo machtige binne troch de skoalle) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning is hjir te finen.

- De aktiviteit dêr’t subsydzje foar ferliend wurde kin, moat foldwaan oan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022,  Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 en oan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter, ûnderdiel ûntwikkeljen en yn it wurk setten plan Fryske taal en kultuer (Kêst 2, ûnder 5).

Foar Frysktalich les- of lêsmateriaal, kultuer- en erfgoededukaasje, oplieding of kursus of Taalryk-skoallen moatte jo it dêrfoar ornearre formulier brûke!   

Ferplichte taheakken:
•    Aktiviteiteplan: mei in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten. Ut dit plan moat ek bliken dwaan op hokker wize de aktiviteiten in bydrage leverje oan it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis en op hokker termyn útfiering fan it plan realisearre wurdt. 
•    Begrutting: mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten, ynklusyf in taljochting op de posten. Brûk dizze model begrutting: begroting

Tink derom:
- Mei it ferstjoeren fan dizze oanfraach stimme jo yn om fia it opjûne emailadres in ûntfangstbefêstiging te krijen.

- Wy akseptearje in bestânsgrutte fan op syn heechst 40 mb per taheakke. 

- It beslút op jo oanfraach nimme wy maksimaal 13 wiken nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach. 

- Jo kinne dizze oanfraach fiif dagen bewarje neidat jo ynlogt binne.