Formulier ôfslute
Begjin it formulier op ’e nij.

FFNEL Oplieding of kursus 2026

Fuortgong
4%

Oanfraachformulier Frysk foar no en letter - Oplieding of kursus

Kêst 2, lid 3: It folgjen fan in oplieding of kursus op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk foar it Frysk troch meiwurkers of wurknimmers fan de oanfreger

Wy freegje jo de ynformaasje hjirûnder sekuer te lêzen foardat jo it formulier ynfolje.

- Jo hawwe eHerkenning nivo 2+ of DigiD (as jo machtige binne troch de skoalle) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning is hjir te finen.

- De aktiviteit dêr’t subsydzje foar ferliend wurde kin, moat foldwaan oan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022,  Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 en oan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter, ûnderdiel Oplieding of kursus (kêst 2, lid 3).

Foar Frysktalich les- of lêsmateriaal, kultuer- of erfgoededukaasje, Taalryk-skoallen of it ûntwikkeljen en it yn wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis moatte jo it dêrfoar ornearre formulier brûke!

Ferplichte taheakken:
•    Aktiviteiteplan: mei in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten. Ut dit plan moat bliken dwaan hokker oplieding/kursus folge wurdt, en troch wa. 
•    Begrutting: mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten, ynklusyf in taljochting. 

Tink derom:
- Mei it ferstjoeren fan dizze oanfraach stimme jo yn om fia it opjûne emailadres in ûntfangstbefêstiging te krijen.

- Wy akseptearje in bestânsgrutte fan op syn heechst 40 mb per taheakke.

- It beslút op jo oanfraach nimme wy maksimaal 13 wiken nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach. 

- Jo kinne dizze oanfraach fiif dagen bewarje neidat jo ynlogt binne.