Kêst 2, lid 1: it oanskaffen fan Frysktalich les- of lêsmateriaal.
Wy freegje dat jo de ynformaasje hjirûnder sekuer lêze foardat jo it formulier ynfolje.
- Jo hawwe eHerkenning nivo 2+ of DigiD (as jo machtige binne troch de skoalle) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning is hjir te finen.
- De aktiviteit dêr’t subsydzje foar ferliend wurde kin, moat foldwaan oan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022, Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 en oan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter, ûnderdiel Materiaal (Kêst 2 ûnder 1).
Foar kultuer- of erfgoededukaasje, oplieding of kursus, Taalryk of Fryske taal en ûntwikkeljen plan Fryske taal en kultuer moatte jo it dêrfoar ornearre formulier brûke!
Ferplichte taheakken
• It aktiviteitenplan is in ferplichte taheakke oangeande in materiaal en/of boekelist mei alle oanskafte materiaal mei de priis en oantallen. Bygelyks
- 2x Prinses Pompebledsje € 12,95 (it stik)
- 1x Lêspakket E € 75,- (it stik)
- 1x De letterfretter € 18,95 (it stik)
• De rekken fan it oanskafte materiaal is ek in ferplichte taheakke by dizze oanfraach
Tink derom:
- Mei it ferstjoeren fan dizze oanfraach stimme jo yn om fia it opjûne emailadres in ûntfangstbefêstiging te krijen.
- Wy akseptearje in bestânsgrutte fan op syn heechst 40 mb per taheakke.
- It beslút op jo oanfraach nimme wy maksimaal 13 wiken nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach.
- Jo kinne dizze oanfraach fiif dagen bewarje neidat jo ynlogt binne.