Ynternasjonaal ûndernimme
Wy wurkje oan de brede wolfeart yn ús provinsje. De fokus leit op in sûn, skjin en lokkich Fryslân. Wy hawwe in échte MKB-ekonomy. Us doelen berikke, dat kinne wy net allinnich. Gearwurkje op noardlike, lanlike en ynternasjonale skaal is wichtich.
Dochs binne wy minder op eksport rjochte as oare provinsjes. It oandiel Fryske bedriuwen dat aktyf is yn oare lannen leit leger as it lanlik gemiddelde. Wy witte minder kânsen en middels út Europa te benutten, wylst Europa hieltyd wichtiger foar ús wurdt. Sjoch bygelyks nei grutte transysjes út de Regionale Innovatie Strategie (RIS 3: sirkulêre ekonomy, duorsume enerzjy, digitalisearring en positive sûnens ), dy't yn de kommende jierren in soad ynfloed op ús provinsje en ekonomy hawwe.
Troch ûndernimmers te keppeljen oan koprinners en ynnovators meitsje wy ús ekonomy liniger en striidber. En troch te ynvestearjen yn ynnovaasje en ynternasjonaal operearjende Fryske bedriuwen en netwurken, fersterkje wy ús konkurrinsjekrêft.
Subsydzjeregelingen foar ûndernimmers
Binne jo as ûndernimmer ynteressearre yn it ynternasjonaal ûndernimmen, en hawwe jo in eksportwinsk? Fan 4 april 2022 oant en mei 29 desimber 2023 is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it yn tsjinst nimmen fan in eksportmeiwurker.
Hawwe jo as ûndernimmer ambysjes yn it bûtenlân? De Friese Ontwikkelingsmaatschappij (FOM) biedt eksportgarânsje, fariearjend fan 25.000 oant maksimaal 200.000 euro.
Hawwe jo as ûndernimmer plannen om saken te dwaan yn it bûtenlân? De Rijksdienst voor Ondernemend Nederland biedt persoanlik advys en ferskate subsydzjes oan.
Europa en Europeeske middels
De Europeeske Uny is ús wichtichste partner bûten de lânsgrinzen. Wy wurkje hurd oan de ferbining mei Europa, bygelyks troch gear te wurkjen oan projekten. Dêrby bliuwe ús eigen doelen wol ús útgongspunt. Op in soad gebieten wurkje wy dêrmei ek oan de doelen fan Europa. Dêrfoar kinne ús projekten gebrûk meitsje fan Europeeske middels.
Partners
Wy wurkje yntinsyf gear mei de neikommende partners:
- Ynbusiness: earste oansprekpunt foar ûndernimmers dy’t ambysjes hawwe om ynternasjonaal te ûndernimmen;
- Friese Export Club: dé netwurkklup foar en troch Fryske ûndernimmingen dy’t ynternasjonaal aktyf binne;
- World Trade Center Leeuwarden (WTC): stipet bedriuwen mei ynternasjonale ambysje, biedt kennis fia eksperts en hat in wrâldwiid netwurk;
- International Welcome Centre (IWCN): foar ynternasjonals yn Fryslân, Grinslân en Drinte;
- Enterprise European Network: foar it finen fan partners yn it bûtenlân;
- NHL Stenden International Business: foar ynternasjonale studinten dy’t ûndernimmers stypje kinne mei eksportplannen;
- Oranjewoud Business Academy: foar it oplieden fan young professionals ta salesmanager.
Sykje jo mear ynformaasje oer ynternasjonaal ûndernimme? Besjoch dan ús ynteraktive dashboards en factsheets. Besjoch bygelyks de factsheet Internationale handel oer de eksport fan yn Fryslân fêstige bedriuwen. Der wurdt in byld sketst fan it lân fan bestimming, it soarte guod en de totale eksportwearde.