Utfieringsprogramma Stikstof
De Fryske natuer ophelpe en fersterkje, provinsjaal en lokaal de stikstofútstjit ferleegje en de knyppunten om fergunningferliening hinne oplosse. Dat is de line fan it Utfieringsprogramma Stikstof Fryslân dat it kolleezje fan Deputearre Steaten yn maart 2022 fêststeld hat. It Utfieringsprogramma is de earstkommende stap nei it ophelpen fan de natuer en in sûne ekonomy en lânbousektor yn Fryslân. It UPS jout oan hokker aksjes der no naam wurde kinne om de provinsje goed ta te rieden op de takomst.
Foar de ûntwikkeling fan de gebietsrjochte oanpak wurket de provinsje Fryslân gear mei Fryske sektorpartijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en meioerheden oan it Frysk Plan Landelijk Gebied. Dizze oanpak moat ûnder oare soargje foar in ferbettering fan de kondysjes yn de gebieten direkt om 11 stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten yn Fryslân hinne. Dat is nedich omdat de direkte omjouwing in soad ynfloed hat op dizze natuergebieten.
Download
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.