Stikstofgefoelige natuergebieten
De gebietsrjochte stikstofoanpak Fryslân is in wichtich ûnderdiel fan it útfieringsprogramma. Foar de ûntwikkeling fan de gebietsrjochte oanpak wurket de provinsje gear mei Fryske sektorpartijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en oare oerheden. Dy oanpak moat soargje foar in ferbettering fan de kondysjes yn de gebieten direkt om de 11 stikstofgefoeligeNatura 2000-gebieden yn Fryslân hinne. . Dat is nedich omdat de heine omkriten in soad ynfloed op dy natuergebieten hawwe.
Dizze 11 Natura 2000-gebieten kenne faak ûnderskate fraachstikken dy’t inoar beynfloedzje. Tink oan ferdrûging as gefolch fan klimaatferoaring, it útrûpeljen fan de grûn en tefolle stikstofdelslach. Mar ek de transysje fan de lânbou, frijkommende agraryske gebouwen en de enerzjytransysje spylje in rol. Dêrneist kin der sprake wêze fan wentebou-, ynfrastruktuer- en mobiliteitsfraachstikken. Dat makket it wurk yn de gebieten kompleks, mar it jout ek kânsen om fraachstikken tûk de kombinearjen en yn gearhing op te pakken. Yn de gebietsrjochte oanpak wol provinsje Fryslân yn ‘e mande mei wetterskippen, terreinbehearders, gemeenten, ynwenners, (agraryske) bedriuwen en oare oanbelangjenden ferskate fraachstikken tagelyk oanpakke. Dêrby geane wy earst oan ‘e slach yn de gebieten dêr’t de urginsje heech is en de ympakt grut. Dêr binne gebietsanalyzen foar makke. Dy analyzen jouwe ynsjoch yn de natuer, ekonomy, stikstofboarnen en -problematyk foar alle gebieten. Dêrneist foarmje se de basis foar de gebietsrjochte stikstofoanpak fan Fryslân. Jo kinne de analyzen hjirûnder dellade.