Fryske natuerdoelanalyzes nei Ekologyske Autoriteit
De natuerdoelanalyzes (NDA’s) foar de stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten yn Fryslân binne klear. De provinsje Fryslân stjoerde se freed 30 juny nei de Ekologyske Autoriteit (EA). Yn de NDA’s stiet hoe't it mei de natuer giet yn de gebieten. Foar in soad fan de Natura 2000-gebieten yn Fryslân jildt dat ferdrûging, stikstof en ferstjoering foar problemen soargje. It no ynleverjen fan de NDA’s is in earste stap om in goed byld fan de natuerstatus yn Fryslân te krijen. De analyzes wurde bliuwend aktualisearre en befetsje dus gjin ûnomkearbere konklúzjes.
Yn de NDA’s is foar elk gebiet te lêzen hoe't it mei de natuer giet, hokker knyppunten der binne en wat mooglik oplossingsrjochtingen binne. It befettet gjin maatregels op gebietsnivo. Dy folgje yn de gebietsrjochte oanpak yn it ramt fan it Frysk Programma Lanlik gebiet (FPLG).
Deputearre Douwe Hoogland: “It hat in protte tiid koste om kwalitatyf goede NDA’s te meitsjen. Dêr is hurd oan wurke. It is wichtich dat de EA der no nei sjen kin, sadat wy op basis fan harren advys wer fierder kinne mei de analyzes en se oanfolje kinne. It jout ús ek de kâns om de EA gau út te nûgjen foar fjildbesites om de situaasje yn it fjild en fanút breed perspektyf, ek mei de lânbou, te besjen. Wy moatte no fuortfarrend fierder, sadat de gebietsrjochte oanpak fan it FPLG starte kin en wy ek oan de gong kinne op lokaal nivo mei belutsen partijen. As de natuer foarút giet is dat ek de wei nei mear romte foar ûntwikkelings en mooglikheden foar fergunningferliening.”
Aktualisearje
De natuerdoelanalyzes (NDA’s) binne makke op basis fan al beskikbere ynformaasje – tink oan fjildbesites, kaarten, ynventariseaasjes en getallen út databanken. Oer guon soarten en leefgebieten is op dit stuit noch net foldwaande bekend. Om dy kennisleemtes te foljen, start de provinsje oanfoljende ûndersiken. De NDA’s wurde bliuwend aktualisearre. Dêrby wurdt hieltyd sjoen hoe't it mei de natuer giet, of troffen maatregels helpe en hokker maatregels der oanfoljend nedich binne. Besteande (âldere) ynformaasje kin dus sjoen wurde as nulmjitting. Sa ûntstiet der in hieltyd folsleiner byld fan hoe't de natuer him ûntwikkelet yn Fryslân.
Fergunnings
De NDA’s hawwe gjin formele status, mar befetsje wol de meast resinte ynformaasje oer de tastân fan de natuer yn in gebiet. As it giet om fergunningen is it ferplicht om dy ynformaasje te belûken by it beslút wol of net in fergunning te ferlienen. Oer it algemien is yn Fryslân te sjen dat in soad soarten en leefgebieten ûnder druk stean troch ferdrûging, stikstof en fersuorring. De NDA’s binne te sjen as kaai om de fergunningferliening wer op gong te bringen. Trochdat de NDA's ynsjoch jouwe yn de hjoeddeistige situaasje en wat der foar nedich is om de natuer foarút te bringen.
De NDA’s en in taljochting op de dokuminten is te finen op de webside. De EA bringt nei ferwachting de advizen oer de NDA’s fan 't hjerst út. De NDA’s foarmje tegearre mei it gebietsprogramma FPLG ynput foar de gebietsrjochte oanpak yn Fryslân.