Waadaginda 2050
It Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat riedt, yn ‘e mande mei oare oerheden en regionale partijen, de Aginda foar it Waadgebiet 2050 ta. De Aginda rjochtet him op it Waadgebiet: Waadsee, Waadeilannen, Noardseekustsône boppe de eilannen en de fêste wâl lâns de Waadsee. It ministearje fan I&W freget jo nei jo miening oangeande de aginda. Reagearje kin oant 14 septimber 2020 fia de ynternetkonsultaasje op dizze webside.
De Waadsee is ien fan de moaiste natuergebieten fan Nederlân. De natuerwearden en it unike iepen lânskip binne fan nasjonaal en ynternasjonaal belang. De Waadsee hat dan ek net foar neat de status fan Wrâlderfgoed. Tagelyk liede nije ûntwikkelingen op it mêd fan ûnder oare klimaatferoaring, enerzjytransysje, ekonomyske ûntwikkelingen en rekreaasje ta nije opjeften en kânsen. Yn de Aginda wurde de ferskate opjeften yn it gebiet ferbûn.
De haaddoelstelling foar de Waadsee, “in duorsume beskerming en ûntwikkeling fan de Waadsee as natuergebiet en it behâld fan it unike iepen lânskip”, is en bliuwt it ryksbelied. Omdat de Waadsee ûnderdiel fan it gruttere Waadgebiet, wurdt ek it perspektyf foar it Waadgebiet sketst, foar safier’t dat ferbân hâldt mei de haaddoelstelling foar de Waadsee.