Programma Hârns

Gebietsferkenning Harns fêststeld (17-01-2023)

De ferkenning foar it gebiet yn en foar de kustsône fan Harns jout in aktuele stân fan saken fan de opjeften, oplossingsrjochtingen, mooglikheden foar finansiering en planning. Mooglik tsjinje him oanfoljende opjeften, nije projekten of oplossingen oan. Mei de fêststelling geane de gearwurkjende partijen Wetterskip Fryslân, gemeente Harns en provinsje Fryslân de ûntwerpfaze yn.

Oanlieding is de kommende dykfersterking op it trajekt Koehoal-Surch, wêryn at Harns in prominint plak hat. It provinsjale slûzekompleks Tsjerk Hiddes makket ûnderdiel út fan de primêre kearing en is yn 2040 oan ferfanging ta. Dêrneist set de gemeente Harns yn de kustsône in tal projekten útein.

Dizze projekten moatte mei-inoar in bydrage leverje oan de kwaliteitsbelibbing, benammen rjochte op it (eilân)toerisme.

Bovenaanzicht van Harlingen, de haven voorin.

Begjin ûntwerpfaze

Mei it fêststellen fan it gebietsdokumint kinne de gearwurkjende partijen no de ûntwerpfaze yn. Dat dogge hja yn nauwe gearwurking mei ynwenners, oerheden, kennis ynstellings en finansiers.

De gebietsferkenning kustsône Harns fynst ûnderoan de side.

Programma Hârns is in gearwurking tusken de provinsje Fryslân, de gemeente Harns en it Wetterskip Fryslân. Dizze organisaasjes geane de kommende jierren harren wurk yn it gebiet mienskiplik oppakken.

It giet, ûnder oare, om it ferbetterjen fan de fearboatlogistyk, it opwurdearjen of mooglik ferfangen fan de Tsjerk Hiddesslûzen en it ûntwikkeljen fan it Westerseedykgebiet. Ek de winsk foar in see-swimbad en de ûntwikkeling fan de nije Willemshaven wurdt fierder útwurke. Nije inisjativen kinne taheakke wurde. De finansiering makket diel út fan de mienskiplike opjefte. Hjir foar wurdt sjoen nei de mooglikheden binnen it Ynfesteringskader Waadgebiet, it Waadfûns en, wêr mooglik, nei private ynvestearringen.

Slûs koarnwertersân

De fernijing fan it kompleks brêgen en slûs yn Koarnwertersân kin begjinne yn 2022. Der is keazen foar in fazearre oanpak. It begjint mei de ferfanging fan de brêgen yn de A7; uterlik yn 2025 moat dat klear wêze. Underwilens begjint ek it ferdjipjen fan de soalen yn de Iselmar. Provinsje Fryslân fiert it wurk út. Dat giet yn nauwe gearwurking mei Rykswettersteat dy’t de eigener fan de brêgen en de slûs is.

Fernijen brêgen en slûs

De lingte fan de nije slûs bliuwt itselde en wurdt tagonklik foar skippen mei in djipgong fan 4,70 m. De breedte giet fan 14 nei 25 meter. Yn stee fan de besteande draaibrêgen yn de A7 komme der fjouwer baskule brêgen (‘klapbrêgen’ mei in kontragewicht). De twa trochfar iepeningen binne aanst 21,5 en 25 meter. De besteande soalen op de Iselmar en it Ketelmeer wurde ferdjippe, sadat de havens fan Makkum, Lemmer, Urk, Lelystad, Meppel en Kampen better berikber binne foar gruttere seeskippen. It sân dat dêrby frij komt wurdt ûnder oare brûkt foar projekten op de Ofslútdyk, bygelyks de Fiskmigraasje rivier.

Planning

De planning is dat de brêgen uterlik yn 2025 ferfongen binne. Foar de soalen en de slûs is ôfpraat dat dy uterlik yn 2028 klear wêze moatte. De dielnimmende partijen wolle perfoarst dat de ambysje, dat de slûs tagelyk met brêgen klear is, oerein bliuwt.

Mear ynformaasje oer de projekten fan it Programma Hârns binne te finen op:

Document

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.