Loket Omjouwingssaken
De Omjouwingswet is op 1 jannewaris 2024 yngien. Jo geane tenei nei in lanlik loket foar oanfragen foar de omjouwing.
De provinsje Fryslân hat der fertrouwen yn dat dat slagje sil. Wy foarsjogge wol opstartproblemen, benammen yn it Digitaal Stelsel Omgevingswet (DSO). It DSO is it lanlike helpmiddel om te bepalen oft in aktiviteit op in bepaalde lokaasje kin en oft der in fergunning of melding by nedich is. Fia it DSO kin dy fergunningsoanfraach of melding dan ek yntsjinne wurde. It DSO sil net daliks sa gebrûksfreonlik wêze as wy foar ús ynwenners en ûndernimmers wolle soene.
Tiene jo de oanfraach yn foar in bedriuw en jilde der foar dit bedriuw miljeuregels? Doch dan altyd de fergunningcheck foardat jo in oanfraach of melding yntsjinje. As jo de fergunningcheck ôfrûne hawwe, krije jo in aksjelist. Ut de aksjelist wei kinne jo fuortendaliks trochgean nei ' Oanfraach tariede '. Jo komme dan automatysk yn de goede oanfraach- en meldingsformulieren.
Fia de pagina Producten, Vergunningen en Ontheffingen | Fryslan kinne jo mear ynformaasje fine oer it dwaan fan oanfragen en meldingen.
As jo der net út komme by de fergunningcheck of -oanfraach sykje dan kontakt mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje of jo gemeente. Wy helpe jo graach.
Om de tsjinstferliening yn de begjinfaze op peil te hâlden en problemen gau de holle biede te kinnen, stiet ús Klantkontaktsintrum yn ferbining mei Klantkontaktsintra fan Fryske gemeenten. Sa kinne we gau yn aksje komme as dat nedich is. Wy wurkje dêrneist mei jo help en ynbring hieltyd fierder oan ferbetteringen.
Zo komme jo yn kontakt mei ús Klantkontaktsintrum
Fia in mail nei: provincie@fryslan.frl skylje mei: 058 - 292 59 25 of foljel online in formulier yn.