Fryslân wurket yn 2024 troch oan takomst lanlik gebiet

It ûntwerp-gebietsprogramma dat Fryslân as ûnderdiel fan it Nationaal Programma Landelijk Gebiet oandroegen hat, is troch it Ryk goed ûntfongen. It moat op ûnderdielen noch wol oanskerpe wurde.

Solide basis

Foar de simmer is yn Fryslân hurd oan in ûntwerp-gebietsprogramma en fjouwer maatregelpakketten foar it lanlik gebiet wurke. It Ryk reagearret posityf op de hantearre oanpak yn Fryslân en oer de solide basis, mar freget ús noch wol om it programma en de maatregelpakketten oan te foljen en te ferdúdlikjen.

Deputearre Femke Wiersma: “We kinne grutsk wêze op it ûntwerp-gebietsprogramma dat der leit. It is no ôfwachtsje hoefolle jild we fan it kabinet krije foar de útfiering derfan. Dat is noch net bekend. Dêrneist spilet ek de foarming fan in nij kabinet in belangrike rol yn it proses”.

Maatregelpakketten

Us ynset is om begjin takom jier by it Ryk jild foar ferbettere maatregelpakketten oan te freegjen. De minister fan LNV (Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit) hat oanjûn op in earste útkearing yn 2024 te stjoeren. Mei it jild hoopje wy mei it útfieren fan maatregels op basis fan besteand belied úteinsette te kinnen, bygelyks foar feangreide, natuer, lânbou en greidefûgels.

Deistich bestjoerder Cees Pieter van Burgsteden fan Wetterskip Fryslân hat der begryp foar dat it Ryk mear dúdlikens freget by guon maatregelpakketten: “Mar it Ryk moat provinsjes ek de romte jaan om wurkjende wei te learen en te ûntdekken. It is no ienris gjin eksakte wittenskip. Dus ik hoopje fan herte dat der takom jier jild komt, sadat wy mei de wichtige wetter- en oare opjeften yn it FPLG oan ‘e slach kinne.”

Sosjaal-ekonomyske effekten

Om yn ‘e earste helte fan 2025 in nije fersy fan it gebietsprogramma presintearje te kinnen, bringe wy takom jier yn byld wat de miljeugefolgen en de sosjaal-ekonomyske effekten binne. Dêrfoar brûke wy in miljeu-effektrapportaazjeproseduere.

Fan it Ryk ferwachtsje wy yn ‘e kommende tiid mear dúdlikens as it giet om klimaatdoelen en de Fûgel- en Habitatrjochtline. Begjin 2024 heart der in beoardieling fan it ûntwerp-gebietsprogramma troch ûnder oar de Ekologyske Autoriteit te wêzen.

Yn gearspraak

Mei dy yngrediïnten kinne wy de lanlike doelen nei ús provinsje en de regio’s útwurkje. Dat dogge wy yn gearspraak mei belanghawwenden de regio/grûnsoarte (fean, klaai, sân en it Waad). Dêrby spylje wy safolle mooglik yn op de kânsen en mooglikheden it gebiet.

Yn ‘e hjerst fan 2024 is tiid foar in formeel op besjen lizzen fan de folgjende fersy fan it ûntwerp-gebietsprogramma reservearre en foar besprekking dêrfan yn de Steaten. De planning is dat it úteinlike gebietsprogramma begjin 2025 troch DS fêststeld wurdt en oan Provinsjale Steaten foarlein wurdt.

Webinar

Hoe geane wy fierder mei it Frysk Programma Lanlik Gebiet? Yn it webinar op woansdei 6 desimber beprate Femke Wiersma (provinsje ), Cees Pieter van Burgsteden (Wetterskip ), Henk de Boer (gemeente SWF) en Pieter Zondervan (FPLG) wat wy yn 2024 dogge. Live meisjen kin fanôf 20:00 oere, weromsjen kin direkt dêrnei.

Hawwe jo alfêst fragen oan de tafelgasten? Stel se dan fia fplg@fryslan.frl.

Besjoch hjir it webinar: FPLG webinar december 2023 – Webinar (geocast.live)