Fryske oerheden freegje Ryk fierdere útwurking karren yn lanlik gebiet

It foarútsjoch op de earste part oan finansjele middels fan de kant fan it Ryk is posityf. Tagelyk is noch ûndúdlik hokker oerheden wêr ferantwurdlik foar binne by de opjeften yn it lanlik gebiet. Dat skriuwe de Fryske oerheden as wichtige boadskip yn sjenswizen oan minister Van der Wal. Sy reagearje op it ûntwerp-Nationaal Programma Landelijk Gebied. 

Der wurdt yn Fryslân op ferskate plakken al mei in soad enerzjy wurke oan de opjeften foar natuer, wetter en klimaat. Om dy enerzjy fêst te hâlden is der ferlet fan mear dúdlikens. “Wy kinne pas fierdere stappen sette as wy sicht hawwe op ferfolchfinansiering fan it Ryk. Dat sicht ûntbrekt no foar it grutste part,” seit deputearre Femke Wiersma. “By de boeren sjochst in steapeling fan opjeften. Der is ferlet fan mearjierrich perspektyf om dêr oan wurkje te kinnen.”

Sjenswizen fan Fryske oerheden

Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân fûnen oansluting by de sjenswizen fan de eigen lanlike koepels IPO en Unie van Waterschappen. Sy krigen dêryn romte foar oandachtspunten út it Fryske perspektyf wei. De Fryske gemeenten hawwe in mienskiplike sjenswize opsteld dy’t ek nei de sjenswize fan gemeentekoepel VNG ferwiist.

De Fryske oerheden geane fan ‘e maitiid mei belanghawwenden út de sektoaren lânbou, natuer en libbensfermidden oan ‘e slach mei in folgjende fersy fan it Fryske Gebietsprogramma. De doelen dy’t foar Fryslân yn it ûntwerp-NPLG neamd wurde, binne wichtige yngrediïnten foar it gebietsprogramma. Yn juny ferline jier ferskynde de earste fersy.

Oan ‘e slach mei maatregelpakketten

Wilens is troch de Twadde Keamer in earste stap set nei it beskikber stellen fan €150 miljoen foar in earste pakket oan Fryske maatregels. Ynkoarten sil út Fryslân wei de oanfraach foar dy middels yntsjinne wurde yn ‘e foarm fan saneamde maatregelpakketten. De maatregels dy’t dêryn beskreaun binne, binne basearre op besteand belied, lykas it Feangreideprogramma, de Beamme- & boskestrategy en greidefûgelbelied.

Generyk of gebietsrjochte?

Wichtich by de fierdere oanpak fan it FPLG is yn hoefier’t it Ryk mei generike, sis mar algemien jildende, maatregels stjoering jaan sil. Of moat krekt binnen gebietsprosessen oan oerheden yn de provinsje in soad romte litten wurde om ta in gebietseigen oanpak te kommen? Mei oanfoljend de fraach wa’t dan wannear en wêrfoar ferantwurdlik is, ek finansjeel. De provinsjes wolle dat skerper ôfbeakenje en dogge foarstellen om út it Ryk wei foar in part ek mear generyk te stjoeren, mei ek romte foar de lânbou om te ûndernimmen.

Stjoergroeplid Cees Pieter van Burgsteden fan it Wetterskip werkent de dilemma’s. “Wy moatte yn 2027 doelen foar wetterkwaliteit realisearje. Dat pakke wy by foarkar op yn gebietsprosessen yn gearhing mei oare NPLG-doelen. Dan hoechst mar ien kear it gebiet yn. Dêrfoar moat der mear dúdlikens komme oer de útfiering fan it NPLG.” Van Burgsteden hopet dan ek dat mei it oanskerpjen fan it NPLG der mear dúdlikens ûntstiet: “Wy binne bliid dat wy no mei in earste pakket maatregels foar de koartere termyn oan ‘e slach kinne. De gebieten wachtsje der al lang op. It is lykwols ek wichtich dat it Ryk yn it NPLG fierder foarútsjocht as 2035. Maatregels, dy’t wy yn it ramt fan NPLG útfiere, moatte bydrage oan in klimaatbestindich systeem foar de lange termyn.”

Ek stjoergroeplid Henk de Boer fan gemeente Súdwest-Fryslân werkent de wrakseling. Yn feangreidegebiet Idzegea is koartlyn in gebietskommisje úteinset, dêr’t De Boer yn sit. “Jo moatte as kommisje wol hiel skerp sjen wat jo wol of net meinimme moatte, wolle of kinne. Dat is mei alle belutsenen yn ‘e kommisje bêst in dreech petear. Yn dy sin help it ús wol dat yn it ûntwerp-NPLG saken op in rige set binne en wy dêr kritysk nei sjen koene. Dêr hawwe wy ek noch wol fragen by. Wy wolle as Fryske gemeenten goed oanheakke wêze en hawwe dêrom in mienskiplike sjenswize yntsjinne. Wy wolle ús sterk meitsje foar in plattelân mei in duorsume takomst.”

Troch te wurkjen oan in folgjend Frysk gebietsprogramma kin it mienskiplike petear mei de Fryske gebietspartners út de lânbou en natuer fuortset wurde, wêrby’t ek oaren as rekreaasje en bewenners meidogge.

Sjenswize