Ekstra subsydzjebudzjet beskikber foar fysike ynvestearrings Fryske boeren
Boeren koene fan 5 juny 2022 oant en mei 27 oktober 2022 subsydzje oanfreegje foar ynvestearrings yn de ynnovaasje en modernisearring fan harren bedriuw. Mei-inoar wie dêrfoar in budzjet beskikber fan € 3.798.000,-.
Dat wie ferdield oer trije parten om in soad bouboeren de kâns te jaan in subsydzje-oanfraach te dwaan. Der is mear subsydzje oanfrege as beskikber wie. Provinsje Fryslân stelt dêrom no 1,7 miljoen ekstra subsydzje beskikber om alle oanfragen dy't foar subsydzje yn oanmerking komme dochs noch yn behanneling nimme te kinnen. It ynvestearjen yn ynnovaasje en modernisearring fersterket de posysje fan de agrarysk ûndernimmer. De ynvestearrings drage by oan wetterkwaliteit en natuerynklusive omrinlânbou, wêrtroch't mei de ekstra beskikbere subsydzje de sektor fierder ferduorsumje kin. It giet om in lêste budzjetopheging yn it Europeeske Plattelands Untwikkelingsprogramma (POP 3 / POP 3 + ), om't it POP 3 wilens ôfrûn is.
Nij subsydzjeprogramma nei de simmer: GLB-NSP
Dit jier is it nije Europeeske Mienskiplike Lânboubelied (GLB) úteinset. It Nationaal Strategisch Plan (NSP) is de Nederlânske ynfolling fan it nije GLB. It GLB-NSP is de opfolger fan it POP 3 subsydzjeprogramma. De ambysje fan it GLB-NSP is om lânbou te stimulearjen dy't ekonomy, boer en libbensfermidden ferbynt. It programma kreëarret dêrmei draachflak, maatskiplike akseptaasje én stipet de needsaaklike omslach nei omrinlânbou en de klimaatopjefte. Nei’t ferwachte wurdt kinne yn it neijier fan 2023 de earste subsydzjes yn dit programma oanfrege wurde fia it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN ).
Mear witte?
It SNN nimt kontakt op mei de oanfregers dy't troch it opheegjen fan it subsydzjebudzjet dochs noch yn oanmerking komme foar subsydzje. Alles oer it nije lânbou subsydzjeprogramma GLB-NSP lêze jo op: https://www.snn.nl/glb.