Taalplan Frysk

It projekt Taalplan Frysk jout útfiering oan de Beliedsregel ûntheffings foar it fak Frysk. Mei it Taalplan Frysk wurdt in ynventarisaasje makke fan de ynfolling fan it fak Frysk op alle skoallen yn Fryslân (primêr en fuortset ûnderwiis). In dêrfoar oansteld team fan ûnderwiiskundigen fan NHL Stenden Hogeschool giet nei alle skoallen ta. Sy bringe û.o. yn kaart hokker kearndoelen de skoallen foar it fak Frysk oanbiedt. Dat wurdt fêstlein yn it Taalplan Frysk.

Taalplan Frysk: hoe wurket it?

Kearndoelen Frysk

In kearndoel jout rjochtlinen en de minimumeasken foar it ûnderwiisoanbod oan. Bygelyks foar Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Oan de hân fan de kearndoelen foar it fak Frysk binne profilen yn de beliedsregel fêststeld. Yn in profyl is oanjûn hokker kearndoelen in skoalle foldwaande oanbiedt foar it fak Frysk.

Fêststelling troch Deputearre Steaten

Op grûn fan it yntsjinne Taalplan Frysk kriget de skoalle in beslút fan Deputearre Steaten mei in passend Taalplan Frysk-profyl. Oan skoallen dy’t alle kearndoelen oanbiede wurdt in A-profyl takend. Oan skoallen dy’t op it stuit fan de skoalbesite noch net alle kearndoelen oanbiede, wurdt in leger profyl takend. De takenning is tydlik en jildt foar in perioade fan  maksimaal fjouwer jier. It beslút oer it takende Taalplan Frysk-profyl wurdt nei fêststellen dield mei de ûnderwiisynspeksje. Sy hifket de skoallen neffens it fêststelde Taalplan Frysk-profyl.

Groeimodel

Taalplan Frysk is in groeimodel. Skoallen krije troch de tydlike takenning fan in Taalplan Frysk-profyl de kâns om stapke foar stapke it fak Frysk oan te bieden. De provinsje biedt skoallen stipe foar neiskoalling, lesmetoaden en ûnderwiisbegelieding. Dat wurdt fersoarge troch subsidiearre ynstellings lykas SFBO, Afûk, Cedin en NHL Stenden Hogeschool.

Hawwe jo fragen oer it Taalplan Frysk? Jo kinne kontakt mei ús opnimme fia it Klantkontaktsintrum fan de provinsje, 058 – 292 59 25.

Mear ynformaasje

Del te laden:

Pagina opties