Sinne-enerzjy

De provinsje Fryslân hat ambysjes op it mêd fan sinne-enerzjy. Op dizze side lêze jo oer ús ambysjes en wêr’t jo mei jo fragen telâne kinne.

Doelstellings

In brûzjende ûntwikkeling fan sinne-enerzjy yn Fryslân past yn de provinsjale doelstellings oangeande duorsumens en duorsume enerzjy.

  • Yn 2020 wolle wy ús ambysje fan 500 MWp helle hawwe.
  • Yn 2025 wolle wy 1300 MWp mei sinne-enerzjy opwekje
  • Yn 2050 wolle wy 100% ûnôfhinklik wêze fan fossile brânstoffen.

De doelstellings foar sinne-enerzjy binne ûnderdiel fan de Fryske Enerzjystrategy, wêryn’t yn oparbeidzjen mei de gemeenten ambysjes oer de enerzjytransysje formulearre binne.

It provinsjaal sinnebelied is fêstlein yn de notysjes:

Wêr moat ik wêze mei myn fraach?

Ik haw in fraach oer it provinsjaal belied oangeande sinne-enerzjy, sinneparken, sinnegreiden, sinnepanielen op in parkearterrein sette ensfh.:

Ik  haw in fraach oer provinsjale subsydzjes:

Ik haw in fraach oer asbestdakken en sinne-enerzjy:

Jo kinne by de gemeente telâne as:

  • Jo in inisjatyf foar in sinnegreide hawwe. Gemeenten kinne it inisjatyf oan de provinsje foarlizze.
  • Jo witte wolle oft it inisjatyf foar it oanlizzen fan in sinnegreide yn it belied past.
  • Jo in fraach oer fergunnings hawwe.
  • Jo witte wolle oft der sinnepanielen op jo monumintale pân set wurde meie.

Kin ik delkomme om in inisjatyf foar it oanlizzen fan in sinnegreide ta te ljochtsjen?

  • Dat kin allinne as de de gemeente ek foar in oerlis oanskoot en dy posityf foaroer it inisjatyf stiet.

Ik haw in ynhâldlike fraach oer sinnepanielen, konverters, de ynstallaasje ensfh.

  • Nim kontakt op mei in oannimmer of ynstallateur, dy kin jo fierder helpe.

Kontakt

Foar oare fragen en/of ynformaasje kinne jo kontakt mei de provinsje Fryslân opnimme. Wy helpe jo graach!

Mear ynformaasje?

Op ‘e hichte bliuwe fan it sinne-enerzjybelied fan de provinsje Fryslân? Abonnearje jo dan op it nijsbrief fan it programma Enerzjytransysje of folgje @EnergieFrl op twitter.

Foar fragen oer it provinsjale belied en projekten oangeande sinne-enerzjy kinne jo kontakt opnimme mei: Klant Contact Centrum fan de provinsje Fryslân, telefoannûmer: 058 - 292 59 25 of e-mail: provincie@fryslan.frl 

Del te laden:

Pagina opties