Programma Enerzjytransysje

Fia dizze side bliuwe jo op ‘e hichte fan it programma Enerzjytransysje fan Provinsje Fryslân. De meiwurkers fan dit programma binne ferantwurdlik foar de útfiering fan it ‘Uitvoeringsprogramma Duurzame energie 2019’. Yn dit útfieringsprogramma stean de ambysjes út it koalysjeakkoart en de Beleidsbrief Duurzame energie sintraal. Dellaad it Uitvoeringsprogramma en de Beleidsbrief.

Ik haw in fraach oer:

Nijsbrief programma Enerzjytransysje

  • Wolle jo regelmjittich ynformaasje oer it programma Enerzjytransysje? Meld jo oan foar ús digitale nijsbrief.

Monitor Energietransitie

Benijd nei de sifers fan de enerzjytransysje yn Fryslân? Oer hoe’t it giet, hoe fier wy binne en wat wy noch dwaan moatte? Tsjek dan de Monitor Energietransitie fan de provinsje. De monitor is makke op fersyk fan Provinsjale Steaten. Wy bliuwe wurkjen oan it fierder ûntwikkeljen fan de monitor. Reaksjes en tips binne wolkom.

Enerzjytransysje: yn it koart

It klimaat feroaret troch de útstjit fan broeistofgassen. Ús enerzjyfoarried fan oalje en gas rekket op. En de enerzjyprizen geane op termyn flink omheech. Dêrom moatte wy yn aksje komme. Provinsje Fryslân wol har bydrage leverje oan de enerzjytransysje. Dêrmei slúte wy oan op en drage by oan nasjonale, Europeeske en wrâldwide ôfspraken. Wy sette yn op it besparjen fan enerzjy, it opwekken fan duorsume enerzjy en as it net oars kin op it sa efficiënt mooglik brûken fan fossyle brânstoffen lykas oalje en gas.

Kontakt

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Provinsje Fryslân. Wy helpe jo graach!

Del te laden:

Pagina opties