Meldingsformulieren

De provinsje hat in formulier fêststeld foar meldingen en oanfragen om in beslút makliker beoardiele te kinnen. Ek is in formulier fêststeld foar it melden fan it útein setten fan in sanearring. Dizze formulieren kinne jo ûnderoan dizze side dellade.

Formulieren

  • Jo brûke it ´Verzendformulier Wet bodembescherming´
    • om te melden dat jo de grûn sanearje wolle en/of foar it oanfreegjen fan in beslút oer:
    • de earnst fan de fersmoarging en de faasje fan de sanearring;
    • it ynstimmen mei in sanearingsplan;
    • it ynstimmen mei in evaluaasjeferslach of;
    • it ynistimmen mei in neisoarchplan.

De Taljochting op it formulier kinne jo ûnderoan dizze side dellade. Dit formulier moat ynfolle en foarsjoen fan in hanteken ferstjoerd wurde nei: Deputearre Steaten fan Fryslân, o.f. FUMO, Postbus 3347, 8901 DH Leeuwarden. It formulier moat yn fjouwerfâld yntsjinne wurde.

  • Uterlik twa wiken foardat jo begjinne mei de sanearring moatte jo de begjindatum fan de grûnsanearring of de grûnwettersanearring by Deputearre Steaten melde. Dêrfoar brûke jo it ‘Meldingsformulier Uitvoering Bodemsanering’. Jo meie it formulier mei de mail ferstjoere nei bodem@fumo.nl. Jo kinne it formulier ûnderoan dizze side dellade..

Beslút unifoarme sanearringen

Foar ienfâldige en lyksoartige sanearringen dy’t yn koarte tiid ôfhannele wurde, jildt in ienfâldigere proseduere. Dat is regele yn it BUS (Beslút unifoarme sanearringen). Mei help fan in standert formulier dogge jo in melding. Fiif wike (yn guon gefallen 5 dagen) nei de melding kinne jo útein sette mei de sanearring. Jo kinne de Bus-meldingsformulieren en Bus-evaluaasjeformulieren dellade fia de webside fan de Ryksoerheid. De formulieren moatte yn trijefâld yntsjinne wurde.

Del te laden:

Pagina opties