Iepen Mienskipsfûns

Yn Fryslân brûst it fan de inisjativen! Wy sykje nei dy ynwenners mei in soad inisjatyf dy’t in goed idee hawwe om de leefberens yn harren wyk, doarp of stêd te ferbetterjen. Troch it Iepen Mienskipsfûns stelt provinsje Fryslân jild beskikber om de projekten fan ynwenners fierder te helpen. Projekten dy’t derfoar soargje datst noflik yn dyn wyk, doarp of stêd wenje kinst. Ideeën dy’t dyn wenfermidden brûze litte en bouwe oan de takomst fan Fryslân. Tink oan projekten op it mêd fan leefberens, kânsen foar boargers en sosjale ynnovaasje. Mar ek rjochte op kultuer, duorsume doarpen en kultuerhistoarje en lânskip.

It Iepen Mienskipsfûns is koartlyn útwreide mei in ekstra kategory oant € 75.000,- foar grutte maatskiplike inisjativen. Aktiviteiten wêrfoar jo subsydzje oanfreegje kinne, binne yndiele yn de folgjende kategoryen:

Aktiviteiten kinne dêr’t jo subsydzje foar oanfreegje kinne, binne yndiele yn trije kategoryen;

  1. Lytse maatskiplike inisjativen, sa as nije eveneminten (op syn meast € 10.000,- subsydzje). Mei in evenemint wurdt bedoeld in gearstald hiel fan kulturele, ynformative of histoaryske aktiviteiten dy foar it publyk tagonklik is en in tydlik karakter hat;
  2. Middelgrutte maatskiplike inisjativen, oars as in nij evenemint (op syn meast € 35.000,- subsydzje);
  3. Grutte maatskiplike inisjativen, oars as in nij evenemint (op syn meast € 75.000,- subsydzje).

Foar help by in oanfraach kinnen jo sawol by Streekwurk as Doarpswurk (www.doarpswurk.frl) terjochte.

Subsydzjeperioaden yn 2020

Yn 2020 binne der trije perioaden dat jo subsydzje oanfreegje kinne:

  • Moandei 13 jannewaris oant en mei tongersdei 6 febrewaris 17.00 oere;
  • Moandei 20 april oant en mei tongersdei 14 mei 17.00 oere;
  • Moandei 7 septimber oant en mei tongersdei 1 oktober 17.00 oere.

It offisjele oanfraachformulier wurdt flak foar de iepenstelling op dizze side publisearre. Mear ynformaasje kinne jo fia ûndersteande links lêze.

Resultaten

It Iepen Mienskipsfûns hat fan 2015 oant no ta oan hast 2.000 projekten subsydzje beskikber steld. Dêrmei is foar en benammen mei de mienskip bydroegen oan de leefberens en koheezje binnen doarpen en wiken. Klik op de pdf om de resultaten fan 2019 te besjen.

De rissultaten van het Iepen Mienskipsfuns oer 2019 tekene

Resultaten IMF yn 2019. Klik op de ôfbylding om de pdf te iepenje.

Ynspiraasje opdwaan?

Ynspiraasje nedich foar jo projekt of gewoanwei nijsgjirrich nei wat it Iepen Mienskipsfûns oplevere hat? Besjoch op de kaart nei kategory de útfierde projekten.

Projekten yn bield

Fragen?

Mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en begelieding fan jo projektidee oant in subsydzje-oanfraach fine jo op de subsydzjeside fan Streekwurk. Hjir fine jo ek de betingsten en toetsingskritearia, dy 't fan tapassing binne op de subsydzjeregeling. Ek de projektadviseurs fan it Streekwurkkantoar yn jo regio helpe jo graach fierder.

Mear ynformaasje

De Beliedsregel Subsydzjeregeling Iepen Mienskipsfûns Fryslân 2020 is publisearre. Sjoch dêrfoar de taheakke link: Beleidsregel Subsydzjeregeling Iepen Mienskipsfûns Fryslân 2020. De wiziging fan de regeling is ek publisearre op de webside fan www.overheid.nl. Sjoch dêrfoar de folgjende link: Regeling op overheid.nl.

Del te laden:

Pagina opties