Iepen Mienskipsfûns (sletten)

Yn Fryslân brûst it fan de inisjativen! Wy sykje nei dy ynwenners mei in soad inisjatyf dy’t in goed idee hawwe om de leefberens yn harren wyk, doarp of stêd te ferbetterjen. Troch it Iepen Mienskipsfûns stelt provinsje Fryslân jild beskikber om de projekten fan ynwenners fierder te helpen. Projekten dy’t derfoar soargje datst noflik yn dyn wyk, doarp of stêd wenje kinst. Ideeën dy’t dyn wenfermidden brûze litte en bouwe oan de takomst fan Fryslân. Tink oan projekten op it mêd fan leefberens, kânsen foar boargers en sosjale ynnovaasje. Mar ek rjochte op kultuer, duorsume doarpen en kultuerhistoarje en lânskip.

It projektburo fan Streekwurk by jo yn ‘e buert helpt jo graach mei de offisjele subsydzje-oanfraach. Besjoch de subsydzjeside fan Streekwurk foar mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan de subsydzje.

Tsjinje jo idee op ‘e tiid yn, sadat der genôch tiid is om jo idee te bepraten foardat jo in subsydzje-oanfraach yntsjinje. Subsydzje oanfreegje kin yn 2019 wer.

Besjoch foar mear ynformaasje ek de neikommende siden:

Fragen?

Mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en begelieding fan jo projektidee oant in subsydzje-oanfraach fine jo op de webside fan Streekwurk. Hjir fine jo ek de betingsten en toetsingskritearia, dy 't fan tapassing binne op de subsydzjeregeling.  

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.