Fryslân Fairtrade

Fryslân Fairtrade!

De provinsje Fryslân hat sûnt 4 oktober 2016 de titel Fairtrade provinsje! Sy foldocht oan de 5 kritearia dy’t opsteld binne troch de lanlike kampanje Fairtrade Gemeente. Dit draacht by oan ús ambysje om de Global Goals te stypjen. De titel hawwe wy helle yn oparbeidzjen mei Fryske gemeenten, ynwenners en ûndernimmers. Yn 2018 is gemeente Harns Fairtrade wurden.

Hjirûnder sjogge jo de stân fan saken fan de Fairtrade en de dêrfoar aktive gemeenten. Omdat der op dat mêd yn it Noarden ek gearwurking is, litte wy it plaatsje fan Noard Nederlân sjen.

Kaartsje fan alle aktive Fairtrade gemeenten yn Fryslân (novimber 2018)

Bern, jongerein en Fairtrade

Wy behelje graag bern en jongerein by Fairtrade. Alle skoallen kinne in Fairtrade skoalle wurde! Yn ‘e mande mei aktiviteiten foar in sûne en duorsume skoalle, freegje wy omtinken foar Fairtrade. Hoe’t dat kin? Sykje dêrfoar kontakt mei de wurkgroep!

Nijs

Folgje it aktuele nijs

Sko oan en diel dyn ferhaal oer Fair Fryslân

Yn Fryslân binne in soad ûndernimmers dy’t fairtrade ûndernimme. Dat dogge se bygelyks troch by produkten dy’t fier wei komme, lykas kofje, sûkelade of blommen, te kiezen foar fairtrade. Mar fairtrade kinst ek tichter by hûs realisearje. Ast bygelyks iten keapest dat tichteby groeit, helpst boeren en túnders út dyn regio. Boppedat skeelt it brânje foar de reis. Dus: better foar de boeren, it miljeu en do ytst lekker farsk!

Lês hjir de ferhalen út de regio

Boerin en boer staan in een weiland met koe

Fair Fryslân Ynspiraasjemiddei

Op 30 novimber 2018 wie der in ynspiraasjemiddei yn it Entrepotgebou yn Harns. De dielnimmers wiene entûsjast om ûnderfinings útwikselje te kinnen oer hoe’t der oan Fairtrade wurke wurdt en hoe’t dat (noch) better kin.

Deputearre Michiel Schrier sprekt de oanwezige minsken ta

Deputearre Michiel Schrier sprekt de oanweziche minsken ta.

It hiele jier troch binne der aktiviteiten yn Fryslân, dy’t op it bewustwurden fan Fairtrade, fier fuort en tichteby, rjochte binne. Der binne ferskate gemeentlike wurkgroepen, dy’t aksjes organisearje. Meastentiids yn de Fairtrade wike yn ‘e maitiid en de hjerst. Sjoch op www.facebook.com/fairfryslan.

Yn 2018 is útein set mei it ferbinen fan it netwurk fan Fair Fryslân en dy fan de Global Goals, SDG’s. Wy sjogge kânsen om yn 2019 mear gear te wurkjen en aktiviteiten te ferbinen oan dy fan oare frijwilligers, dy’t harren foar in duorsume wrâld ynsette. Dat bart ûnder de namme Netwurk SDG’s Fryslân.

Wurkgroep Fair Fryslân

De wurkgroep Fair Fryslân giet mei de aktiviteiten troch om de titel te behâlden en fuort te sterkjen. Foar mear ynformaasje: Anoesjka Duinstra.

Aktiviteiten Fairtrade 2017

It hiele jier troch binne der aktiviteiten yn Fryslân dy’t bydrage oan positive gedachten oer earlike handel, Fairtrade: fier wei en tichtby. Der binne ferskate gemeentelijke wurkgroepen dy’t aksjes organisearje. Meastentiids falle dy yn de Fairtrade wike yn de maitiid en yn de hjerst. Sjoch mar op www.facebook.com/fairfryslan.

Wurkgroep Fair Fryslân

De wurkgroep stipet, ynspireart en ferbynt de Fryske gemeentelike wurkgroepen, ûndernimmers en ynwenners om Fairtrade te wurden en Fairtrade produkten te keapjen. Hast fragen of in fersyk oan de wurkgroep? Sykje kontakt fia fairfryslan@fryslan.frl.


F.l.n.r.: Freek Abma, Renate Ruijgh, Andrew Livsey, Roelfien Jonker, Anoesjka Duinstra.
Foaroan sitte f.l.n.r: Janny Wijbenga en Siepie Hijlkema.
Teamlid Trijnie Helfferich stiet net op dizze foto. 

Folgje Fair Fryslân fia www.facebook.com/fairfryslan.

https://www.fryslan.frl/plaat.php?fileid=2869&f=bc6a8b937ba5957162f53175c685f0095fa5dfffa470778c2028f72088615ca52e33085c92a9f6c55f84f43f4cb3eb5816fd80125c525e24e95c3263f147a737

Nijsbrieven

Oanmelde foar nijsbrieven.

Del te laden:

Pagina opties