N354 Snitserdyk

Yn maaie fan dit jier begjinne wy mei it feiliger meitsjen fan ’e N354 by Tsienzerbuorren. Yn ’e iere maitiid hawwe wy as tarieding op it wurk kabels en liedingen ferlein. Op dizze side is ynformaasje te finen oer wat oft wy wannear dwaan sille.

Plenning en oerlêst

Fan moandei 17 maaie ôf giet de skeppe de grûn yn. Oannimmer Roelofs Wegenbouw B.V. wurket yn opdracht fan ’e provinsje Fryslân oant en mei freed 16 july 2021 oan ’e N354 by Tsienzerbuorren. Wilens it wurk is de dyk ôfsletten foar trochgeand ferkear. Dat ferkear liede wy om oer de N384, N359 en N31. Foar fytsers en lânbouferkear is ek in omliedingsrûte ynsteld. De bussen fan Arriva ride allyksa in oare rûte. Dy wurdt by de haltes en op it webstee fan Arriva buorkundich makke.

Routekaart waar op aangegeven wordt waar de omleiding langs gaat

Wat binne wy fan doel?

De provinsje wol de provinsjale dyk tusken Snits en Ljouwert feiliger meitsje, mar ek rekken hâlde mei de leefberens en it trochstreamen fan it ferkear. Lykas wy earder yn in nijsbrief oanjûn hawwe, is it it doel om earst it trajekt fan ’e N354 troch de buorskip Tsienzerbuorren de útstrieling as wie ’t in doarp te jaan, sa’t dat in jiermannich lyn ek by Dearsum dien is. Wy bringe read asfalt oan, plantsje beammen by de haadrydbaan lâns en sette ferljochting del dy’t oanslút by it doarpske karakter. It op sa’n wize ynrjochtsjen fan ’e dyk past better by de maksimumfaasje fan 60 kilometer yn ’e oere. Dêrby skoot de dyk justjes op nei it suden, sadat wy oan ’e noardkant in stripe mei klinkers oanlizze kinne. Op sa’n wize kinne minsken feiliger harren hiemen op en ôf ride. Boppedat biedt dy stripe romte foar fytsers en fuotgongers, wêrtrocht’t dy minder faak hoege oer te stekken.

Ovondes by Raerd en Easterwierrum

It krúspunt by Easterwierrum en ’e ôfslach by Raerd sille wy ek noch oanpakke. Yn gearspraak mei de omjouwing is in plan ûntwikkele om beide krúspunten yn te rjochtsjen as ovondes, ferlykber mei in oare ovonde by Spears. De ovondes kinne net earder oanlein wurde as wannear’t de grûn dy’t dêrfoar brûkt wurde moat yn provinsjaal eigendom is. Dy saak binne wy drok oer yn petear. Wy kinne op dit stuit noch net oanjaan wannear’t mei it wurk oan ’e krúspunten begûn wurdt. Dat hinget foar in part ôf fan ’e faasje dêr’t de grûn mei oankocht wurde kin.

Fragen?

Foar fragen kinne jo maile nei provincie@fryslan.frl of skilje mei 058-292 5925 fan moandei o/m freed ûnder kantoaroeren. Jo kinne ek sjen op it webstee fan oannimmer Roelofs.

Del te laden:

Pagina opties