Diken

  • N384 Doanjum

    Earder ynformearren wy op dizze webside oer de plannen foar it op ‘en nij ynrjochtsjen fan de N384 troch Doanjum. Wilens hawwe wy de plannen fierder útwurke en hat de gemeente Waadhoeke besletten in finansjele bydrage beskikber te stellen.

  • N369 De Rottefalle

    Ride jo fan Drachten of de Harkema nei de Rottefalle? Dan ride jo oer de provinsjale dyk, de N369. Yn maaie fan dit jier sette wy útein mei it wurk oan de N369 by de Rottefalle.

  • N354 Snits - Ljouwert

    De N354 tusken Snits en Ljouwert is in wichtige ferbiningsdyk yn Fryslân. Behalve de ferkearsfeiligens, dy’t de lêste jierren mei maatregels ferbettere is, is ek it trochstreamen fan it ferkear op ’e N354 wichtich.

  • Brêgen op ôfstânsbetsjinning

    Hieltyd mear provinsjale en gemeentlike brêgen yn Fryslân wurde op ôfstân betsjinne troch provinsjale brêgewachters. Dat betsjut, dat brêgewachters hieltyd minder faak op ’e brêge sels sitte, mar dy betsjinje fan in oare lokaasje ôf.

  • Krúspunt Quatrebras

    Yn ‘e mande mei de gemeente Tytsjerksteradiel wurket de provinsje Fryslân oan de plannen foar it krúspunt Quatrebras. Yn desimber 2019 hawwe wy in bewennersjûn hâlden. Op basis fan de ynput fan dy jûn hawwe wy twa mooglike oplossings ûndersocht. In krúspunt mei ferkearsljochten en in rotonde. In rotonde foel dêrby ôf, fanwegen de grûn dy’t wy nedich hawwe. Dêrom hawwe wy fierder wurke oan it krúspunt mei ferkearsljochten.

  • Renovaasje brêge Follegea

    De renovaasje fan brêge Follega is klear, de brêge is as nij en kin wer 50 jier mei! Njonken in renovearre brêge wurdt hy no ek op ôfstân betsjinne fanút It Swettehûs yn Ljouwert.

  • N384 - N393 Doanjum -Tsjummearum

    "Tegearre mei BAM Infra wurkje wy oan it projekt Doanjum -Tsjummearum, dêr’t wy de ferkearsfeiligens ferheegje, grut ûnderhâld útfiere en de leefberens yn Doanjum ferbetterje . Om dat lêste te berikken besykje wy ynfolling te jaan oan de ynrjochtingswinsken fan de omjouwing, op basis fan it advys dat it doarp oan de provinsje oanbean hat", beskriuwt Ger de Boer, projektlieder ynfrastruktuer.

  • N359 Boalsert Warkum

    Op de N359, de provinsjale dyk tusken Boalsert en Ljouwert, jildt in maksimumfaasje fan 100 km/oere. De dyk hat dan in saneamde streamfunksje. Op it stuit past de útstrieling fan de dyk, de krúspunten en oanslutings, net by de funksje fan in streamwei. Dêrneist is de dyk oan grut ûnderhâld ta. Wy meitsje de dyk breder en der komt in nije laach asfalt op.

  • N351 Easterwâlde-Wolvegea

    Ride jo wolris fan Easterwâlde nei Wolvegea? Dan ride jo oer de provinsjale dyk, de N351. De N351 rint fan Easterwâlde oant Urk en rint troch trije provinsjes. Fan ’t maitiid set de provinsje Fryslân op it stik tusken Easterwâlde en Wolvegea mei ûnderhâldswurk útein. Sa meitsje wy krúspunten feiliger en is de dyk oan grut ûnderhâld ta.

  • Swettehûs

    Oan de westkant fan Ljouwert bout de provinsje in nije sintrale foar it betsjinjen fan 40 brêgen en in nij stipepunt foar de Provinsjale Wettersteat: It Swettehûs. 

  • Ûnderhâld en behear fan wâlkanten lâns farwegen

    Fryslân hat 850 km farwegen en 1700 km wâlskant. Op it stuit is it behear en ûnderhâld dêrfan fersnipele of net regele.

  • N917 Oerterp-Haulerwyk

    De provinsje Fryslân hat op meardere plakken de provinsjale dyk, de N917, oanpakt. 

  • Brêge Baard

    Baard kriget in nije brêge! De besteande brêge oer de Boalserter Feart, in baskulebrêge, stiet dêr al sûnt 1930. Dy brêge is der min oan ta en foldocht net oan de moderne regeljouwing.

  • Stokersverlaat Appelskea

    De provinsje ferfangt de brêge Stokersverlaat yn Appelskea troch in nije brêge. Renovaasje fan de slûs is ek needsaaklik. It wurk is yn septimber 2019 útein set. Healwei maaie 2020 binne de brêge en de slûs wer klear foar gebrûk. De feestlike iepening is op tongersdei 4 juny, fan 14.00 – 15.00 oere.

  • Farwegen yn Fryslân

  • N355 Ryksstrjitwei

  • N359 Boalsert - Ljouwert

    Efter de skermen binne wy drok dwaande mei de tariedingen foar it oanlizzen fan de trije ûndertrochgongen yn de N359 by Wommels-Noord, Burchwert en Boalsert-Noard. Sa hawwe wy de ôfrûne tiid ús winsken en easken, en dy fan de meitinkers, beskreaun foar de oannimmer. Dêrnjonken meitsje wy ôfspraken mei it Wetterskip oer it ferlizzen fan liedingen.
     

  • N358 De Skieding

    De Skieding, de N358 tusken Surhústerfean en de A7, giet op ‘e skeppe. De earste faze fan it wurk is ein 2019 ôfsletten. De dyk hat doe in nije laach asfalt, nije markearring en oan de sydkanten in stripe beton krige. Foar de twadde faze fan it wurk moat earst it hjoeddeistige bestimmingsplan oanpast wurde. Dêr hawwe wy in provinsjaal ynpassingsplan foar opsteld. Omdat de dyk nei dat wurk foar in lyts part yn de provinsje Grinslân komt te lizzen, hat ek provinsje Grinslân in provinsjaal ynpassingsplan opsteld en op 16 desimber 2020 troch Provinsjale Steaten fan beide provinsjes fêststeld.

  • N358 Ie

    In dyk dy’t past by it âlde en histoaryske karakter fan it doarp: dat wie it doel. Feiligens stie dêrby fansels foarop. Mear sicht op de krúspunten, en dêrneist net mear dat hurd ridende ferkear troch it doarp hinne. Dêrom waard de faasje ferlege, nei 30 kilometer yn ‘e oere. Ek waarden de krúspunten oanpast. Ûnderwilens is hast alle wurk klear.

  • N354 Snitserdyk

    Yn maaie fan dit jier begjinne wy mei it feiliger meitsjen fan ’e N354 by Tsienzerbuorren. Yn ’e iere maitiid hawwe wy as tarieding op it wurk kabels en liedingen ferlein. Op dizze side is ynformaasje te finen oer wat oft wy wannear dwaan sille.

  • N919 Easterwâlde

    Easterwâlde kriget in nije flapbrêge en de krusing Houtwal en de rotonde Molenweg passe wy dêrop oan. De provinsje kombinearret it fernijen fan de brêge mei it feiliger meitsjen fan de N919. De brêge is yn dy perioade ôfsletten, mar der komt in tydlike needbrêge. It giet om it diel fan de ovonde Ploeggang (by de sjinees) oant en mei ’t East. Yn febrewaris begjinne wy mei it feiliger meitsjen fan krúspunt Rijweg. Yn ’e maitiid fan 2022 is it wurk klear.

  • N358 Uterwei

    Om de Uterwei feiliger te meitsjen en de trochstreaming op de dyk te ferbetterjen, pakt de provinsje Fryslân de dyk tusken Koartwâld en Stynsgea oan.

Pagina opties