Detailhannel

Troch feroare keapgedrach, krimp en de tanimmende populariteit fan ynternetwinkels is der op in soad plakken yn Fryslân leechstân ûntstien en funksjonearje winkelgebieten minder goed as foarhinne. De útkomsten fan it ûndersyk nei keapstreamen yn Fryslân (2017) litte sjen dat it feroarjende detailhannelslânskip gefolgen hat foar it funksjonearjen fan de Fryske winkelgebieten. De konklúzjes en oanrekommandaasjes fan dat ûndersyk hawwe foar de provinsje Fryslân, de Fryske gemeenten en VNO-NCW/MKB-Noord oanlieding west om it mei-inoar oan te pakken.

De Fryske Retailoanpak

Dy gearwurking is op 22 novimber 2018 bestjoerlik bekrêftige troch it ûndertekenjen fan de Fryske Retailoanpak 2018-2020. Dy oanpak rjochtet him op:

  • In sûne merk foar detailhannel mei in passend tal winkelmeters;
  • It fuortsterkjen fan it ûndernimmerskip;
  • It fuortsterkjen fan de útstrieling, belibbing en oantreklikheid fan winkelgebieten;
  • Dúdlike profilearring fan winkelgebieten.

Sterkte-swakte analyze

Om yn kaart te bringen hoe’t winkelgebieten funksjonearje, is as ûnderdiel fan de Fryske Retailoanpak in sterkte-swakte analyze útfierd. Dêr binne 71 Fryske winkelgebieten yn ûndersocht.

Subsydzjeregeling Fryske Retailoanpak

In oar ûnderdiel fan de Fryske Retailoanpak is de Subsydzjeregeling Fryske Retailoanpak. De provinsje Fryslân hat dêr in bedrach fan € 950.000 beskikber foar steld. Fan 8 novimber 2019 oant en mei 18 desimber 2020 kinne Fryske winkeliersferienings, ûndernimmers en gemeenten subsydzje foar it ferbetterjen fan harren winkelgebiet oanfreegje.

It jild kin ynset wurde foar bygelyks gearwurkingsprojekten tusken winkellju en oare ûndernimmers. Of foar de ynrjochting fan de iepenbiere romte, of foar promoasje fan it winkelgebiet.

Oanfreegje

Ynformaasje oer de betingsten en it oanfreegjen fan it subsydzje Fryske Retailoanpak is fan 8 novimber o.s. ôf hjir te finen.

Noardlike provinsjes bringe situaasje winkelleechstân yn byld

Om mear ynsjoch te krijen yn de situaasje oangeande winkelleechstân hawwe de provinsjes, Fryslân, Drinte en Grinslân mei-inoar ûndersyk dwaan litten. It ûndersyk is troch advysburo Broekhuis Rijs útfierd. Sa’n opdracht op dy skaal is unyk yn Nederlân.

Út it ûndersyk komt nei foaren dat, nettsjinsteande dat de winkelleechstân sakket, de strukturele leechstân yn Noard-Nederlân heech is. Mei-inoar steane 380.000 kante winkelmeters leech, ferdield oer goed 1.600 gebouwen. Dêrfan stiet goed ien tredde struktureel leech en is dreech oan te passen nei in gebou mei in oare funksje.

It ûndersyk lit fierder sjen dat de strukturele leechstân him benammen yn krimpgebieten en middelgrutte kearnen foardocht. De problematyk fan strukturele leechstân wurdt it sterkst yn de krimpgebieten field en hat dêr de measte ympakt op de leefberens. Dat komt omdat de mooglikheden yn dy gebieten beheind binne, transformaasje fan de winkelpannen nei wenten faak net mooglik is, omdat dêr gjin ferlet fan is.

Del te laden:

Pagina opties