Bestriden fan glêdens

De provinsje Fryslân hat as taak om de provinsjale diken by winterwaar sa goed mooglik begeanber te hâlden. It seizoen wêryn’t de diken glêd wurde kinne, rint sa likernôch fan 15 oktober oant 15 april. Somtiden is it net mooglik om glêdens foar te kommen, mar struie wy om de gefolgen safolle mooglik te beheinen.

Dat is in heidens kerwei, dêrom helpe sân Fryske bedriuwen mei it iis- en sniefrij meitsjen fan de diken. Mei-inoar giet it om fiif miljoen kante meter oan diken, wat del komt op mear as 650 fuotbalfjilden by inoar! It doel fan de provinsje is it berikken fan sa feilich mooglike omstannichheden foar ferkearsdielnimmers en optimale berikberens by glêdens.

  • Folgje Fryslân live foar glêdensmeldings

    Ús struiers hawwe GPS. Dat betsjut dat sadree’t in struiaksje begjint, de struiweinen op ûndersteande kaart te folgjen binne. Sadree’t de struiweinen yn aksje komme, jouwe wy dêr fia ús Twitteraccount (@provfryslan) ynformaasje oer. Ek wannear’t it, neist glêd,  oar útsûnderlik waar is, ynformearje en warskôgje wy fia Twitter.

    Folgje de struiweinen op de kaart hjirûnder.

    • De kaart lit de oanhingstruiers en de opsetstruiers sjen;
    • Op ‘e kaart wurde de struirûtes fan de provinsjale diken sjen litten;
    • De griene streek is allinne te sjen wannear’t de struier echt oan it struien is en yn guon gefallen as de masjine op gong brocht wurdt;
    • De rûtes fan de ôfrûne 12 oeren wurde fertoand. Sadree’t der binnen 12 oeren op deselde rûte neat struid is, ferdwynt de streek fan de kaart. Is der neat te sjen op ‘e kaart, dan is der yn de lêste 12 oeren net struid;
    • De streek bestiet eins út allegearre stippen. Elke struier jout om ‘e 5 tellen syn status en lokaasje troch wannear’t der struid wurdt;
    • Om ‘e 10 minuten wurde de rûte ferfarske en is te sjen hokker rûte de struiwein riden hat.
       

    Tink derom: ek al is der struid, it weidek kin dan noch wol glêd wêze.

    Iepen de grutte kaart (mei mear ynformaasje)

  • Glêdens meldsysteem

    De provinsje Fryslân beskikt, yn ‘e mande mei Rykswettersteat oer in netwurk fan sensoaren. Dat hjit in glêdens meldsysteem. Op 30 plakken, ferdield oer de provinsje, binne mjitstasjons oanlein (waarhutten). Troch sensoaren yn it weidek wurde de temperatueren yn ‘e gaten hâlden.

    Neist de weidektemperatueren wurde ferskate wearden mjitten, lykas: temperatuer lucht, luchtfochtichheid, oanwêzich restsâlt, daupunt en delslach.
    De koördinator dy’t tsjinst hat kin mei dy ynformaasje, stipe troch it waarburo, beslute oft der wol of net struid wurdt en hoefolle.

  • Struie mei feitsjes

    Gedeputeerde Sietske Poepjes schept zout met twee strooimannen.
    • 7 strui stipepunten yn de provinsje Fryslân;
    • 3200 ton basis kapasiteit struisâlt;
    • Struigebiet is 5 miljoen m2 de struiaksje;
    • 19 opsetstruiers;
    • 22 oanhingstruiers;
    • 64 snieploegen;
    • Útfiering mei 7 Fryske ûndernimmers;
    • Gearwurking mei Rykswettersteat en ferskate gemeenten.
  • It waar yn ‘e gaten hâlde

    Het meetstation waar de weersverwachting op computerschermen in de gaten wordt gehouden.

    It waarburo hat in stypjende rol. Neist it leverjen fan aktuele delslachbylden, satellytbylden en waarkaarten, wurdt de ynformaasje fan alle mjitstasjons nei it waarburo ferstjoerd en omset nei in foarsizzingsmodel dat de situaasje 3 oant 6 oeren foarút besjocht. De meteorolooch is 24 oeren deis  berikber foar stipe en advys.

  • Glêdens foarkomme

    Strooiwagen rijdt al strooiend over de weg.

    It stribjen is altiten om alle diken te struien, foardat it glêd wurdt. It kin foarkomme dat de waarsomstannichheden sa ekstreem binne, dat it ûnmooglik is alle diken folslein snie- of izelfrij te hâlden. Yn dy gefallen wurde earst de haaddiken en fytspaden en paralleldiken struid.

  • Sâlt en wietsâlt struie

    Strooiwagen rijdt door de sneeuw.

    De provinsje Fryslân brûkt de metoade ‘wietsâlt struie’. Dat betsjut dat wy it sâlt, foardat wy it op ‘e dyk struie, fochtich meitsje. It sâlt hechtet dêrtroch better oan de dyk en soarget derfoar dat snie en iis hurder teie. Boppedat hoecht der mei dy metoade foar itselde resultaat aardich minder sâlt brûkt te wurden. It miljeu wurdt yn dizze situaasje dus sa min mooglik belêste. Sâlt help net fuortdaliks, mar hat tiid nedich om yn te wurkjen. Earst nei’t der genôch ferkear oerhinne gien is, mingt it sâlt him mei izel of snie.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.