Ûnderwiis & Sport

  • Fryske sporten (plafond berikt)

    Update: 12-4-2019: It plafond foar dizze regeling is berikt.

    Ek yn 2019 is it wer mooglik om subsydzje oan te freegjen foar in sportevenemint of in sportclinic op it mêd fan de Fryske sporten. De regeling is iepen fan 2 jannewaris ôf oant en mei 31 oktober 2019. It subsydzjeplafon is € 70.000.

  • Grutskalige sporteveneminten (plafond berikt)

    Update: 23-5-2019 It plafond foar dizze regeling is berikt. Jo kinne gjin nije oanfraach mear yntsjinje.

    Foar it organisearjen fan in grutskalich sportevenemint, kin subsydzje oanfrege wurde fan 2 jannewaris 2019 oant en mei 31 oktober 2019.

  • Materiële ynstânhâlding Frysk

    Lesmateriaal foar it skoalfak Frysk, dêr giet it om by de subsydzjeregeling Materiële ynstânhâlding Frysk.

  • Meartaligens yn it ûnderwiis 2019

    Update: 3-5-2019 It plafond is sa’t it no liket berikt. It hat op dit stuit gjin nut mear om in oanfraach yn te tsjinjen.

    De provinsje stipet it ûntwikkeljen fan meartalige lesmetoaden mei it Frysk en dêrneist it Nederlânsk of it Ingelsk (of noch in oare taal). De regeling sil iepen wêze fan 4 april 2019 ôf oant en mei 31 oktober 2019. It subsydzjeplafon is € 75.000.

  • Universitêr ûnderwiis Fryslân (ticht)

    Let op: dizze subsydzjeregeling is ticht

    Studinten út Fryslân dy’t yn Ljouwert oan it University College fan de RUG Campus Fryslân de bacheloroplieding ‘Global Responsibility and Leadership’ dwaan sille, kinne op grûn fan de regeling Universitêr Ûnderwiis Fryslân subsydzje oanfreegje foar de earste trije jierren fan harren stúdzje. De regeling sil ek dit jier wer iepen gean fan 17 juny 2019 ôf oant en mei 27 septimber 2019

  • Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

    Mear minsken dy’t Frysk prate, lêze en skriuwe kinne. Dat is it doel fan de subsydzjeregeling Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis. Fan 4 april 2019 ôf oant en mei 17 oktober 2019 kinne subsydzje-oanfragen ynlevere wurde.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.