Lân, Wetter & Natuer

  • Ôfbouregeling ‘berchboeren’ (ticht)

    Boeren yn Fryslân dy’t lânbougebieten mei in natuerlike handicap hawwe (probleemgebieten), kinne gebrûk meitsje fan in subsydzje ôfbouregeling. Jo kinne subsydzje oanfreegje fan 1 augustus 2019 oant en mei 30 septimber 2019.

    Update 21-08-2019: Mei de oanfragen dy't no ûntfongen binne, is it plafond berikt

  • POP3: Plattelânsûntwikkeling Programma

    De agraryske sektor is yn Noard-Nederlân in wichtige ekonomyske faktor. It is wichtich om dy posysje te hâlden en fierder út te wreidzjen. Dêrfoar is ynnovaasje en mear duorsumens essinsjeel. It Plattelânsûntwikkeling Programma 2014 – 2020 (POP3) jout kânsen om dêr op yn te setten. Yn dizze perioade is mei-inoar 250 miljoen euro subsydzje foar POP beskikber.

  • Iepenstelling SrNL 2018

    De Subsidieregeling Natuur en Landschap 2018 (SrNL) is iepensteld. Dêrmei komt der budzjet frij foar natuerbehear. Dat budzjet is beskikber foar de perioade wêryn’t de ‘memme-oerienkomsten’ mei natuerbehearder noch rinne. Dat binne besteande beskikkings dy’t in fêste begjin- en eindatum hawwe.

  • Fêststelling en wizigings SrNL 2018

    Om de Subsidieregeling Natuur en Landschap (SrNL) te aktualisearjen is it nedich om inkelde wizigings troch te fieren. De wizigings soargje derfoar dat natuerbehearders it (agrarysk) natuerbehear effektiver en effisjinter útfiere kinne.

  • Aanvullende openstelling Agrarisch natuur- en landschapsbeheer 2019

    Agrarische gebiedscollectieven kunnen van 14 november tot en met 23 november 2018 een subsidieaanvraag indienen voor Natuur- en Landschapsbeheer.

  • Weidevogelbeheer (gesloten)

    Boeren die land hebben binnen een weidevogelkerngebied kunnen van 10 december 2018 tot en met 22 januari 2019 via hun agrarisch collectief subsidie aanvragen.

  • Kavelruil en ynrjochting (ticht)

    Update 9-8-2019: It plafond fan dizze regeling is berikt. Oanfragen kinne net mear yntsjinne wurde.

    Grûneigeners en/of gebrûksrjochthawwers kinne in bydrage oanfreegje foar de kosten dy’t makke wurde foar kavelruil, lykas proses- en proseduerekosten en foar kosten foar kavelynrjochtingswurk. Fan 17 juny 2019 ôf oant en mei 31 desimber 2019 kinne jo subsydzje oanfreegje. Subsydzje oanfreegje kin nei in suksesfolle kavelruil, goedkard troch de provinsje Fryslân. Besjoch de Kavelynrjochting subsydzjeregeling.  

  • Subsidieregeling erfafspoeling Fryslân

    De provincie Fryslân sluit aan bij het project “Schoon Erf, Schoon Water Fryslân“ met de Subsidieregeling erfafspoeling Fryslân.  Met deze regeling wil de provincie maatregelen ter voorkoming of vermindering van erfafspoeling op melkveebedrijven stimuleren.

Pagina opties