Kultuer

  • Kulturele fernijing

    Hawwe jo in idee foar in projekt dat bydrage kin oan in fernijend kultureel produksjeklimaat yn Fryslân? As it om in nij inisjatyf giet dat jo binnen it jier útfiere kinne, kin it wêze dat jo dêr subsydzje foar freegje kinne. De regeling Kulturele fernijing is iepen fan 1 maart 2019 ôf oant en mei 31 oktober 2019.

  • Poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

    Foar it meitsjen fan in profesjonele muzykkomposysje en foar it gehiel fan tariedend wurk foar it ta stân bringen fan in teater-, muzyk- of dûnsproduksje (of in mingfoarm dêrfan), hat de provinsje de subsydzjeregeling Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes. De twadde iepenstelling fan dit jier sil fan 1 maaie 2019 oant en mei 30 augustus 2019 wêze.

  • Ynternasjonale kontakten op it mêd fan muzyk (plafond berikt)

    It plafond fan dizze regeling is berikt. Jo kinne gjin oanfraach mear yntsjinje.
    De regeling is iepen fan 18 jannewaris 2019 oant en mei 31 oktober 2019. Rjochtspersoanen kinne subsydzje oanfreegje foar moetings, kulturele aktiviteiten en stúdzjedagen dy’t organisearre wurde tusken Frysktalige en bûtenlânske minderheidstaalgroepen op it mêd fan muzyk.

  • Koarbegelieding (ticht)

    Update: 9-8-2019: It plafond fan dizze regeling is berikt. Der kin gjin oanfraach mear yntsjinne wurde.

    Amateurkoaren út Fryslân, mei folslein rjochtsfoech, dy’t ien of twa kear jiers in moai konsert jaan wolle ûnder begelieding fan profesjonele musisy kinne fan 18 jannewaris oant en mei 31 oktober 2019 subsydzje foar koarbegelieding oanfreegje.

  • Iepenloftspullen 2019 (ticht)

    De regeling Iepenloftspullen 2019 wie iepen fan 1 maart 2019 ôf oant en mei 28 maart 2019. Yn dy tiid wie it mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen.

  • Kulturele aktiviteiten foar de âlderein (iepen)

    Foar it organisearjen fan in kulturele aktiviteit foar âlderein (65+), kin subsydzje oanfrege wurde fan 9 jannewaris 2018 oant en mei 31 oktober 2018. It subsydzjeplafon is € 32.000.

  • Útkeap teater en muzyk (iepen)

    Útkeaporganisaasjes en kulturele sintra dy’t yn 2018 muzyk- of teaterfoarstellings programmearje, kinne fan 2 jannewaris ôf oant en mei 31 oktober 2018 subsydzje oanfreegje yn de regeling Útkeap teater en muzyk. It subsydzjeplafon is € 60.750.

  • Ticketrisiko’s LF2018 (ticht)

    De regeling is sletten op 13 desimber 2017. De regeling wie bedoeld foar produsinten fan grutte poadiumproduksjes dy’t opnaam binne yn it haadprogram fan LF2018.

  • Frysktalige toanielstikken

    Fan 1 febrewaris 2019 ôf oant en mei 30 augustus 2019 is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan in Frysktalich toanielstik. Toanielstikken dy’t yn in Fryske streektaal sa as it Biltsk of it Stellingwerfsk skreaun wurde falle ek ûnder de regeling.  

  • Subsydzjeregeling 75 jier frijheid Fryslân

    Dizze regeling is iepen fan 27 augustus oant en mei 6 septimber 2019.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.