Fryske Taal

  • Ynternasjonale kontakten

    Rjochtspersoanen kinne subsydzje oanfreegje foar moetings, kulturele aktiviteiten en stúdzjedagen dy’t organisearre wurde tusken Frysktalige en bûtenlânske minderheidstaalgroepen. De regeling is iepen fan 18 jannewaris 2019 oant en mei 31 oktober 2019.

  • Promoasje fan Frysktalige boeken

    Skriuwers, útjouwers en oaren mei doel oer it promoatsjen fan Frysktalige boeken kinne fan 1 febrewaris 2019 ôf oant en mei 30 augustus 2019 subsydzje oanfreegje. It subsydzjeplafon is € 20.000.

  • Útjaan fan Frysktalige literatuer

    Fan 1 maaie 2019 oant en mei 30 augustus 2019 is it wer mooglik om subsydzje-oanfragen yn te tsjinjen foar it útjaan fan Frysktalige boeken. It kin gean om printe boeken, om digitale boeken mar ek om audio- of harkboeken. Foar de oanfragen fan alle útjouwers mei-inoar is yn de twadde iepenstelling fan 2019 op syn meast € 50.000 euro beskikber.  

  • Materiële ynstânhâlding Frysk

    Lesmateriaal foar it skoalfak Frysk, dêr giet it om by de subsydzjeregeling Materiële ynstânhâlding Frysk.

  • Oersetten en bewurkjen fan literatuer

    De subsydzjeregeling foar it oersetten fan literatuer sil iepen wêze fan 1 febrewaris 2018 ôf oant en mei 30 augustus 2019. It subsydzje hat te’n doel om it oersetten fan oarspronklike Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen.

    It subsydzjeplafond is € 45.000.

  • Frysk Taalgebruk

    De regeling Frysk taalgebrûk is iepen fan 1 febrewaris 2019 ôf. Oanfragen kinne yntsjinne wurde oant en mei 27 septimber 2019. As it subsydzjeplafond earder berikt wurdt, kin gjin subsydzje mear taparte wurde. It subsydzjeplafond is € 15.000. 

  • Frysktalige literatuer / skriuwen

    Fan 1 febrewaris 2019 ôf oant en mei 30 augustus 2019 is it foar skriuwers mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan Fryske boeken. Njonken it skriuwen yn it Frysk stiet de regeling ek iepen foar it skriuwen yn in Fryske streektaal sa as bygelyks it Biltsk. It subsydzje hat te’n doel om it skriuwen fan oarspronklike Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.

  • Regeling Mei-inoar foar it Frysk (iepen)

    Fan 1 novimber 2017 ôf oant en mei 31 desimber 2020 is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it opstellen of útfieren fan taalbelied yn it ramt fan de Wet gebrûk Fryske taal. De regeling Mei-inoar foar it Frysk kin stypje yn it foldwaan oan de betingsten fan de Wet gebrûk Fryske taal troch Fryske gemeenten en oare Fryske bestjoersorganen.

  • Frysktalige toanielstikken

    Fan 1 febrewaris 2019 ôf oant en mei 30 augustus 2019 is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan in Frysktalich toanielstik. Toanielstikken dy’t yn in Fryske streektaal sa as it Biltsk of it Stellingwerfsk skreaun wurde falle ek ûnder de regeling.  

Archief

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.