Ynternasjonaal Ûndernimme Fryslân 2016-2020

Binne jo mkb’er mei in eksportwinsk? Dan kinne jo oant en mei 31 desimber 2020 subsydzje oanfreegje.

Fan 15 febrewaris 2019 ôf is it ek mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it yn tsjinst nimme fan in eksportmeiwurker. It plafond is € 1,8 miljoen.

Wichtichste betingsten

  • It maksimale subsydzje bedraacht 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum dat fariearret tusken € 5.000,- en € 10.000,- de oanfrege aktiviteit.
  • Der kin subsydzje beskikber steld wurde foar de kosten fan in helberensûndersyk, merkûndersyk, eksportplan, kennisfergrutting, oersetting, ûntwikkelingsprogramma en foar it realisearjen fan in matchmaking.
  • Fanôf 15 febrewaris 2019 kin der ek subsydzje wurde oanfrege foar it yn tsjinst nimme fan in exportmeiwurker. Yn paragraaf 2.3 fan de regeling kinne jo hjir mear oer lêzen. Wichtich is dat dizze nije meiwurker noch net yn tsjinst is op it momint fan ûntfangst fan de oanfraach. Hjir falt fia detasjearring of fia in útstjoerburo yn tsjinst nimme, ek ûnder. It winnen fan de nije meiwurker kin pas plakfine nei yntsjinning fan de oanfraach. As jo foar dit ûnderdiel wolst oanfreegje, tsjinnet jo it oanfreechformulier by “del te laden’ te brûken.

Online oanfreegje

Jo kinne it subsydzje ienfâldich online oanfreegje. Foar de subsydzje-oanfraach is eHerkenning niveau 2+ needsaaklik.

Subsydzje merkûntwikkeling

Subsydzje online oanfreegje

Subsydzje merkferkenning

Subsydzje online oanfreegje

Net online oanfreegje?

Wanneart’t jo de oanfraach op papier dwaan wolle, kinne jo dy stjoere nei: Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân, o.f. ôfdieling Subsydzjes, Postbus 20120, 8900 HM  LJOUWERT

Tink derom: It subsydzje wurdt wegere as der wat de subsidiabele kosten fan de aktiviteit oanbelanget ferplichtings oangien binne fóár ûntfangst fan de oanfraach.

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen, dan kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail mei subsidies@fryslan.frl.   

Subsidieregeling Internationaal Ondernemen Fryslân 2016-2020

Del te laden:

Pagina opties