Universitêr ûnderwiis Fryslân

Dizze regeling is ticht.

Studinten út Fryslân dy’t yn Ljouwert oan it University College fan de RUG Campus Fryslân de bacheloroplieding ‘Global Responsibility and Leadership’ dwaan sille, kinne op grûn fan de regeling Universitêr Ûnderwiis Fryslân subsydzje oanfreegje foar de earste trije jierren fan harren stúdzje.

Doelgroep 

De subsydzje is bedoeld foar studinten út Fryslân. Mei de subsydzje wol de provinsje de oerstap fan it Fryske fuortset ûnderwiis nei it University College fan RUG Campus Fryslân befoarderje.

Dy’t it earst yn ’e roef is, hat kâns fan plak

It subsydzjeplafon is €100.000,-. Nei’t it subsydzjeplafon berikt is, kin gjin subsydzje mear jûn wurde. Dy’t it earst in folsleine oanfraach yntsjinnet dy’t oan de betingsten foldocht, is ek it earst oan bar by it ferdielen fan it subsydzjejild.   

Hichte fan de subsydzje

It subsydzjebedrach foar it earste stúdzjejier is €750,- en foar it twadde en it tredde stúdzjejier sil it subsydzjebedrach €1.500,- wêze. Dat is mei-inoar €3.750,-.

Betingsten

Lês de regeling Universitêr ûnderwiis Fryslân om te besjen ofst oan de betingsten fan kêst 8 foldochst. As dat sa is, kinst it oanfraachformulier ynfolje en opstjoere of ynleverje by de baly fan it provinsjehûs.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinst belje mei de ôfdieling Subsydzjes op telefoannûmer 058 – 292 59 25. It mailadres is subsidies@fryslan.frl.

Pagina opties