Subsydzjeregeling monuminten Fryslân 2019

Dizze regeling is ticht.

De provinsje Fryslân stelt dit jier 1,9 miljoen euro subsydzje beskikber foar:

  • Restauraasje fan ryksmonuminten
  • Herbestemming fan ryksmonuminten
  • Underhâld fan ryksmonumintale mûnen
  • Plankosten

Dit is regele yn de subsydzjeregeling monuminten Fryslân 2019. Deputearre Steaten hawwe dizze op 28 maaie 2019 fêststeld. Mear oer de bekendmakking fan de subsydzjeplafonds subsydzjeregeling monuminten Fryslân 2019 lêze jo hjirIt plafond is wizige. It wizige plafond kinne jo hjir fine.

Subsydzje oanfreegje

Jo kinne subsydzje oanfreegje mei de oanfraachformulieren. By eltse paragraaf fan haadstik 2 fan ús subsydzjeregeling monuminten Fryslân heart in oanfraachformulier. Foar wenhuzen kinne jo gjin subsydzje oanfreegje.

Online

Tink derom: Foar 2.2 (Mûnen) en 2.3 (Plankosten) kin online wurde yntsjinne. Foar de subsydzjeoanfraach is eHerkenning niveau 2+ nedich foar bedriuwen en DigiD foar partikulieren. Tink derom: alle bylagen moatte (tagelyk mei it yntsjinjen fan de oanfraach) fia WeTransfer ferstjoerd wurde nei subsidies@fryslan.frl ûnder fermelding fan jo projektnamme. It brûken fan de gratis ferzje is maklik, der is sels gjin registraasje foar nedich.

Net online

Jo kinne jo oanfraachformulier mei byhearrende bylagen ek fia post ferstjoere of ûnder iepeningstiden (fan 08.30 oant 17.00 oere) bringe by de baly fan it Provinsjehûs.

Wannear?

Jo kinne subsydzje oanfreegje fan 16 oant en mei 20 september 2019. De oanfragen wurde op folgoarder fan binnenkomst yn behandeling naam.

Foar dy folsleine oanfragen dy’t binnenkaam binne op de dei wêrop oer it beskikbere subsydzjebedrach (subsydzjeplafond) hinne gong wurdt, wurdt de ûnderlinge rangskikking fêststeld troch te lotsjen.

Oanfragen dy’t foar of nei boppeneamde data yntsjinne binne, wurde wegere. Jo moatte jo oanfraach folslein mei alle bylagen derby yntsjinje. Tink derom: it formulier moat troch de júste persoan of persoanen ûndertekene wurde (sa’t yn jo statuten stiet).

Foar wa?

Subsydzje wurdt allinnich jûn oan natuerlike persoanen of privaatrjochtlike rjochtspersoanen dy’t eigner of saaklik gebrûksgerjochtigde binne fan in monumint.

Fergunningsplicht

Op it stuit dat jo de oanfraach yntsjinje, moat de omjouwingsfergunning, of as it fan tapassing is de gemeentelike monumintenfergunning, al oanfrege wêze.

Jo moatte ek neigean oft jo fergunningsplichtich binne yn it kader fan de Wet Natuurbescherming. Fierder moatte jo neigean oft jo in ûntheffing yn it ramt fan de Wet natuerbeskerming nedich ha. De provinsje freget gjin leezjes foar ûntheffingsoanfragen fan partikuliere eigners fan monuminten of ideële stichtingen, salang ’t der mei de wurksumens gjin kommersjeel belang is, mar wol bgl. in maatskiplik belang, lykas ‘behâld kulturiel erfguod’.

Wichtige meidieling

Ha jo subsydzje út de regeling krigen? Dan binne jo ferplichte om wurkplakken beskikber te stellen foar learlingen foar it restauraasjefak. Foar mear ynformaasje en it pleatsen nimme jo kontakt op mei de ROP-koördinator (let op: oars as foargeande jierren):

Hilke Janssen
ROP-koördinator Noard-Nederlân
06 - 20 40 20 55
rop@restauratienoord.nl
www.restauratienoord.nl

Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen foar monuminten

Wolle jo monuminten ûnderhâlde litte, meitsje of restaurearje? It register Kennis&Kunde biedt in oersjoch fan alle bedriuwen dy’t oantoand hawwe dat sy wurksumheden oan monuminten op de júste wize útfiere.

Jo kinne sykje op jo regio, of op in beskaat spesjalisme, lykas glês yn lead of plasterwurk.

Fragen?

Meiwurkers fan de ôfdieling Subsydzjes helpe jo graach, fia 058 - 292 59 25 of subsidies@fryslan.frl.

Del te laden:

Pagina opties