Subsydzjeregeling Kwaliteitsympuls Natuer en Lânskip

Dizze regeling is ticht.

De Subsydzjeregeling Kwaliteitsympuls Natuer en Lânskip (SKNL) rjochtet him op de ûntwikkeling en realisaasje fan natuer. It giet om de permaninte omfoarming fan lânbougrûn nei natuer en it ynrjochtsjen nei natuergebiet.

Yn it  iepenstellingsbeslút SKNL 2018 binne de perselen neamd dêr’t in subsydzje foar oanfrege wurde kin. Hawwe jo sizzenskip oer ien of mear fan dy perselen, en wolle jo lânbougrûn omfoarmje nei natuer, dan kinne jo subsydzje oanfreegje fan 1 juny 2018 oant en mei 31 desimber 2018.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Dizze regeling is bedoeld foar it omsetten fan lânbougrûn nei natuer en it fierder ûntwikkeljen en ferheegjen fan de natuerkwaliteit. De subsydzje is yn twa parten opsplitst:

Subsydzje foar funksjeferoaring wurdt op 1 juny iepensteld:

Jo wolle lânbougrûn definityf omsette yn bos- of natuerterrein. De ekonomyske wearde fan de grûn sakket dêrtroch, dêrfoar wurde jo kompensearre. Hoefolle oft de wearde sakket, wurdt mei help fan de taksearre lânboukundige wearde fêststeld.

Yn it iepenstellingsbeslút SKNL 2018 binne allinne plafonds foar de subsydzje foar funksjeferoaring fêststeld.

Ynvestearringssubsydzje natuer en lânskip:

It is net mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it ynvestearringssubsydzje natuer en lânskip.

Hichte fan it subsydzje

Deputearre Steaten hawwe foar de SKNL iepenstelling 2018 goed 3,1 miljoen euro beskikber steld. It subsydzje foar funksjeferoaring bedraacht maksimaal 85% fan de wearde fan de lânbougrûn.

Oanfraachformulieren

Foar it oanfreegjen fan in subsydzje moatte jo gebrûk meitsje fan it oanfraachformulier. Tinke jo derom dat jo ek de taheakken mei stjoere. De taheakken kadastrale gegevens en opjefte subsydzjes kinne jo ûnderoan dizze side dellade.

Oare ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo  Subsidieregeling kwaliteitsimpuls natuur en landschap Fryslân rieplachtsje.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei it Klant Contact Centrum fan de provinsje Fryslân fia 058 292 59 25. Sy ferwize jo troch nei de goede persoan.

Pagina opties