Hichte fan it subsydzje
Foar it meitsjen fan in taalferoardening en/of taalbeliedsplan is de bydrage op syn heechst 50%. Foar it útfieren fan it taalbelied is de bydrage maksimaal 70%. Yn alle gefallen is it maksimale subsydzjebedrach de oanfreger € 40.000,-. It subsydzjeplafon oant en mei 2020 bedraagt € 450.000,- en wurdt ferdield oer 2018, 2019 en 2020. Foar it jier 2020 is der in bedrach fan € 150.000,- beskikber.
It oanfreegjen fan subsydzje
Lês de Subsydzjeregeling Mei-inoar foar it Frysk om te besjen wat de mooglikheden en betingsten binne. In folsleine yntsjinne oanfraach kriget it earst berjocht oft subsydzje takend wurde sil. In folsleine oanfraach is rjochtsjildich ûndertekene en befettet alle ynformaasje dêr’t yn it oanfraachormulier om frege wurdt. Neidat it subsydzjeplafon berikt is, kin der gjin subsydzje mear taparte wurde.
Mear Ynformaasje
Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it KCC op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.