Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

Foar it meitsjen fan in profesjonele muzykkomposysje en foar it gehiel fan tariedend wurk foar it ta stân bringen fan in teater-, muzyk- of dûnsproduksje (of in mingfoarm dêrfan), hat de provinsje in subsydzjeregeling.

Yn 2020 sil de regeling twa kear iepen gean. De earste oanfraachperioade is fan 18 febrewaris 2020 ôf oant en mei 27 maart 2020.

It subsydzjeplafond foar it ta stân bringen fan in teater-, muzyk- of dûnsproduksje (of in mingfoarm dêrfan) is € 100.000,- It subsydzjeplafond foar it meitsjen fan in profesjonele muzykkomposysje is € 10.000,-.

Betingsten

Om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, moat de artistyk lieder fan de produksje op syn minst twa jier beropsmjittich aktyf wêze mei it meitsjen fan produksjes of komposysjes. Foar de skriuwer fan in profesjoneel muzykstik is it betingst dat dyjinge syn oplieding oan in konservatoarium ôfmakke hat.

Sjoch foar alle betingsten paragraaf 3.3. fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Beoardieling troch advyskommisje

Foar dizze regeling is de advyskommisje Kultuer ynsteld. De advyskommisje Kultuer sjocht nei de artistike kwaliteit, it nivo fan ûndernimmerskip en it nivo fan útfieringspotinsje fan de aktiviteit. De kommisje advisearret oer de oardering fan de oanfragen en oer it tapartsjen fan de jilden oan de oanfregers. Yn kêst 3.3.8 fan de regeling kinne jo lêze wêr’t de advyskommisje sa al op hifket.

De termyn om de oanfragen ôf te hanneljen is 22 wike nei de slutingsdatum fan de tender. As wy earder berjocht stjoere kinne, dogge wy dat. Mar it kin by in tender in skoft duorje kin ear’t der útslútsel is.

Twadde iepenstelling

De twadde oanfraachperioade yn 2020 sil wêze fan 1 maaie 2020 ôf oant en mei 28 augustus 2020.

It subsydzjeplafond foar it ta stân bringen fan in teater-, muzyk- of dûnsproduksje (of in mingfoarm dêrfan) is € 100.000,- It subsydzjeplafond foar it meitsjen fan in profesjonele muzykkomposysje is € 10.000,-.

Steatssteun

De steatssteunregels binne by dizze regeling fan tapassing, dêrfandinne is it ferplichte dat alle oanfregers in ynfolde en ûndertekene de-minimisferklearring meistjoere mei it oanfraachformulier.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân op telefoannûmer 058 - 292 59 25. It mailadres is subsidies@fryslan.frl.\

Del te laden:

Pagina opties