Poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

Foar it meitsjen fan in profesjonele muzykkomposysje en foar it gehiel fan tariedend wurk foar it ta stân bringen fan in teater-, muzyk- of dûnsproduksje (of in mingfoarm dêrfan), hat de provinsje de subsydzjeregeling Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes. De twadde iepenstelling fan dit jier sil fan 1 maaie 2019 oant en mei 30 augustus 2019 wêze.

Betingsten

De oanfraachkritearia en de hichte fan it subsydzje binne te finen yn paragraaf 3.3 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. It subsydzjeplafon is € 110.000,-. Tink derom, by teater-, muzyk- of dûnsproduksjes is de tarieding subsidiabel. De produksje moat dan wol binnen twa jier nei subsydzjeferliening opfierd wurde yn Fryslân. 

Hoe kin ik in oanfraach yntsjinje?

Jo moatte it oanfraachformulier brûke. Allinnich rjochtspersoanen komme yn ’e beneaming foar subsydzje. By de oanfraach moat in dúdlik projektplan en in reële begrutting mei in side kosten en in side opbringsten meistjoerd wurde. It is ek wichtich om de oanfraach rjochtsjildich te ûndertekenjen en om in ynfolde en ûndertekene de-minimisferklearring mei te stjoeren mei it oanfraachformulier. 

Wat earder yntsjinje kin goed beteare 

It falt op dat in soad oanfregers oant it lêst ta wachtsje mei it yntsjinjen fan in oanfraach. Dat is net altiten handich want wy meie nei slutingsdatum fan de tender gjin ynhâldlike ynformaasje mear opfreegje. As der wat mis is mei jo oanfraach, kin it wêze dat we de oanfraach dan ôfwize moatte.  

Beoardieling troch advyskommisje 

Meastal krije wy by de tenders Poadiumkeunsten mear oanfragen as dat der jild beskikber is. De advyskommisje Kultuer sjocht dan nei de artistike kwaliteit fan de plannen. Yn kêst 3.3.8 fan de regeling kinne jo lêze wêr’t de advyskommisje sa al op hifket. Allinnich de projekten mei de measte punten krije dan subsydzje. 

Mear ynformaasje

As jo noch fragen hawwe, kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia subsidies@fryslan.frl.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.