Oersetten en bewurkjen fan literatuer

De subsydzjeregeling foar it oersetten fan literatuer sil iepen wêze fan 3 febrewaris 2020 ôf oant en mei 30 septimber 2020. It subsydzje hat te’n doel om it oersetten fan oarspronklike Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen. It subsydzjeplafond is € 45.000.

Op grûn fan dizze regeling kinne útjouwers en organisaasjes dy’t harren foar it measte part dwaande hâlde mei de Fryske taal of dy’t as streektaalorganisaasje tsjinje subsydzje oanfreegje foar: 

  • it oersetten fan Frysktalige boeken yn in oare taal;
  • it oersetten fan boeken yn de Fryske taal;
  • it oersetten fan in manuskript fan in noch net ferskynd boek nei it Frysk.

Toanielstikken

Op grûn fan dizze regeling is it ek mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it oersetten fan in toanielstik yn de Fryske taal. In oanfraach kin dan yntsjinne wurde troch in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech dy’t foar it grutste part rjochte is op toaniel, bygelyks in toanielferiening.

Fryske streektalen

Neist it oersetten nei it Frysk is de regeling ek ornearre foar oersettings nei in yn Fryslân aktyf brûkte Fryske streektaal, sa as bygelyks it Biltsk of it Hylpersk.

Betingsten

Lês de regeling earst troch om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.2 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Hoe kinne jo in oanfraach yntsjinje?

Yn de perioade fan iepenstelling ûndersteand oanfraachformulier graach fia de post opstjoere of by de baly fan it provinsjehûs delbringe.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail subsidies@fryslan.frl.

Del te laden:

Pagina opties