Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

Dizze regeling is ticht.

Mear minsken dy’t Frysk prate, lêze en skriuwe kinne. Dat is it doel fan de subsydzjeregeling Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis. Fan 4 april 2019 ôf oant en mei 17 oktober 2019 kinne subsydzje-oanfragen ynlevere wurde.

Foar wa is de regeling ornearre?

Skoallen yn it fuortset ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis dy’t lesoeren Frysk oanbiede, kinne in berop dwaan op de regeling. De skoallen moatte yn Fryslân stean.

Frysk yn it fuortset ûnderwiis fan it twadde learjier ôf

De provinsje wol it oanbieden fan it fak Frysk nei de earste klasse befoarderje en wol de skoallen helpe om mear learlingen ta te rieden op it eksamen Frysk. Foar lesoeren Frysk fan de twadde klas ôf oant en mei de eksamenklasse kinne skoallen yn it fuortset ûnderwiis subsydzje krije. It giet dan bygelyks om lesoeren Frysk op it tmbû, hafû en twû of om Fryske les yn it fuortset spesjaal ûnderwiis.  

Frysk op MBÛ’s en yn it praktykûnderwiis

De provinsje wol it oanbieden fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis en yn it praktykûnderwiis stypje. Dêrom kinne skoallen yn it fuortset ûnderwiis foar it skoaltype praktykûnderwiis subsydzje krije foar alle learjierren, dus ek foar it earste learjier. Dat jildt ek foar regionale opliedingssintra en agraryske opliedingssintra dy’t it Frysk oanbiede yn it ramt fan in beropsoplieding.

Betingsten

De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 4.2 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

It subsydzjeplafon is 120.000 euro. It subsydzjeplafon is beskikber fan 4 april 2019 ôf oant en mei 17 oktober 2019. Oanfragen dy’t bûten dy perioade yntsjinne wurde, wurde wegere.

Oanfraachformulier

It formulier dat jo brûke kinne om it subsydzje oan te freegjen, sil yn de oanfraachperioade en koart dêrfoar te finen wêze ûnder de del te laden bestannen. De oanfraach moat rjochtsjildich ûndertekene wurde troch de direksje fan de skoalle of troch it bestjoer.

Foar it MBÛ en it praktykûnderwiis moat in oar formulier brûkt wurde as foar it tmbû, hafû en twû yn it fuortset ûnderwiis.

Mear ynformaasje

As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo skilje mei de provinsje op 058 - 292 59 25 of mail subsidies@fryslan.frl.  

Del te laden:

Pagina opties