Lân fan Taal (ticht)

Dit bericht is niet meer actueel

De subsydzjeregeling hat als doel in brede op it publyk rjochte programmearring foar it iepen programma Lân fan taal mooglik te meitsjen. Ûnderwilens is de regeling sletten en hat elkenien berjocht krigen. Dizze regeling sil net mear iepen gean.
It subsydzjeplafond fan dizze 3e tender is ferhege nei € 34.050.

De regeling hat yn 2017 trije kear iepen west. Der koe subsydzje oanfrege wurde foar it útfieren fan in lytse of in grutte kulturele produksje op it mêd fan meartaligens.
Tender 1 wie fan 31 jannewaris oant en mei 28 febrewaris.
Tender 2 wie fan 1 maaie oant en mei 31 maaie.
Tender 3 wie fan 4 oktober oant en mei 1 novimber. 

Sjoch op www.lanfantaal.frl foar mear ynformaasje oer Lân fan Taal.

Hichte fan it subsydzje

Foar lytse kulturele produksjes is de hichte fan it subsydzje € 500.
Foar grutte kulturele produksjes is de hichte fan it subsydzje op syn meast € 5.000.

De tekst fan de regeling is te finen yn paragraaf 2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Beoardieljen

Oer it takennen fan subsydzje foar lytse kulturele produksjes beslute wy op folchoarder dat wy folsleine oanfragen krigen hawwe.   
Oanfragen foar grutte kulturele produksjes dy’t folslein binne, wurde rangskikt. De advyskommisje beoardielet de oanfragen foar grutte kulturele produksjes op de yn it foar opstelde kritearia. Allinnich de projekten mei de measte punten krije subsydzje.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo skilje mei de ôfdieling Finansierings en Subsydzjes op 058 - 292 53 35. It mailadres is subsidies@fryslan.frl

Te downloaden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.